Troch Bauke Bos
It rint tsjin it ein fan it damskoft en dan is it sykjen wa noch tsjin wa moat omdat de measten al in soad spile ha. Willem Schaap en Bauke Bos binne de measte jûnen fan de partij en hiene gjin tsjinstanner en wiene tsjin mekoar foar de aardichheid wat oan it damjen mei as begjin, op foarstel fan Willem, wat in nuvere fariant. Tsien danmmen tsjin tsien dammen, in spul wat nea foar komme sil en se kamen der achter dat dit spul ferrekte dreech is. Earst kwyt en fiif tsjin fiif is dan wat minder dreech, al binne der foar dizze spullen ek al téoryen.
Jan Castelein, noch net sa lang damjend, fertelde dat er de earste kear dat er op ‘e klup damde mei pine holle op bêd gie en tocht: as dit sa moat, dan wit ik it noch net. Lokkich hat er dit no net mear en leart eltse jûn by, sa’t er sels seit. Fannejûn ferlear er fan Dicky van der Meer, dy’t tagelyk spile tsjin Tineke Teigeler en ek yn dizze partij wie de winst foar Dicky.
Jelle Wiersma wûn tsjin de foarsitter en neffens Jelle like it wol wat op Tsjechysk damjen. De partij dy’t it langst duorre wie dy fan Sjoerd Jan Bakker tsjin Hennie de Haan. Hennie damde bêst en Bakker struts himsels fêst. Lokkich foar him koe er los komme en wûn er de partij. No noch twa kear en de houtsjes, buorden en klokken kinne yn ‘e simmersliep.
Utslaggen: Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1-0; Tineke Teigeler – Dicky van der Meer 0-1; Dicky van der Meer – Jan Castelein 1-0; Sjoerd Jan Bakker – Hennie de Haan 1-0
Over de auteur