Hartwert hearsket by MINI op alle fronten

doorfriesdammen

Hartwert hearsket by MINI op alle fronten

(Tekst: S. Dyk)

Doe’t it Dambûn Frysk Spul fan ‘t hjerst oan it bestjoer fan OKK de fraach foarlei oft it miniklupkampioenskip mooglik ek ferspile wurde koe op 15 novimber, sadat der dan ek ien of mear Ytaljaanske ploegen meidwaan koene, doe gongen by de Jorwerter damklup de alaarmskillen ôf. Want koene safolle minsken allegearre wol in plak op ‘e boppeseal krije? Yn 2023 hie dy mei alle sân klups en yn totaal tsien ploegen al flink beset west. Likegoed gong der in posityf beskied nei it bûnsbestjoer werom: dy datum moast mar wêze, as it nypt en wedernypt kinne der ommers hiel wat skiklike dammers op sa’n doarpsseal in plakje krije.

Efterôf die bliken dat de panyk om ‘e nocht west hie. De mop fan ‘e Ytaljanen wie, dat se net kamen. Noch sterker, de klups út Blauhús en De Gastmar kamen ek net. Aldegea kaam wol, mar de fjouwer ôffurdige dammers achten harsels fan sa’n kwaliteit dat se allinnich mar ûnder de namme Aldegea II meidwaan woene. En Lollum kaam ek wol, mar mei mar trije dammers, sadat de Jorwerter Siebren Dyk himsels opoffere troch dan dochs mar mei de fijân mei te dwaan, dêrby it risiko op him nimmend dat de ivige hún fan syn doarpsgenoaten sines wurde soe en dat er sa foar de kar komme koe om syn libben dan byneed mar treastleas te einigjen as asylsiker yn Lollum. Koartsein, wat earst in grut damfeest like te wurden, dat waard no in klupkampioenskip yn it fluchdamjen dat kwealik dy nammer mear drage koe. Mar de tariedings wiene dien, en úteinliks waard it ek wier noch wol in moaie jûn.

Alderwenst waarden der yn Jorwert wer twa klassen formearre. Yn ‘e A-klasse soe it om it kampioenskip gean, mei fansels titelferdigener Skearnegoutum, it altyd sterke Hartwert, nettsjinsteande alles dochs ek Lollum, al wie it mar fanwegen de kanonnen Marten Walinga en Foeke Tiemensma, en ja dan dochs ek de pleatslike favoriten fan OKK, ek al kaam dat favoritedom ek net fierder as de doarpsgrinzen fan Jorwert. Yn ‘e B-klasse sieten dan de twadde tiims, fan respektyflik Aldegea, Hartwert en Jorwert. Meiinoar dus sân ploegen, in ûneven oantal. Dat hie it ferfelende gefolch dat der elke omloop ien frij hie, wat oars mei in healoere by sa’n fluchdamkampioenskip ek wol wer oer te sjen is. Om net ta de nacht út troch te damjen wie it tal omlopen wol beheind ta fiif, en dat betsjutte dat net alle ploegen like faak efter de buorden sitte soene. Organisatoaryske tûzenpoat Willem Dykstra loste dat op mei it helpmiddel “wûgen trochsneed”, dat, al wie it nei wat gegrommel fan ‘e Hartwerter kant, troch eltsenien akseptearre waard. En doe koe it los.

Lykas sa faak wie it yn ‘e kampioensklasse wer tige spannend. Efterôf siet it fenyn yn ‘e kop. Hartwert moast doe fuortdaliks al tsjin Skearnegoutum, dat wol wat in abonnemint op it fluchdamkampioenskip hat. Mar dat like no troch de Hartwerters opsein te wurden: 3-1. Soene de Stadige Strikers noch weromkomme kinne? Oan harren lei it net, se wûnen alle oare potten, en se krigen ek wer hope doe’t Hartwert mei in lykspul tsjin Lollum in lytse misset die. Mar dêr bleau it by, de Hartwerters wiene net sa dom om Jorwert II te ûnderskatten. It kampioenskip gong no dus fan Skearnegoutum oer nei Hartwert, en it kurieuze wie dêrby dat de Hartwerters dat allinnich op wedstriidpunten wier makken, want de Skearnegoutumers hiene oardel buordpunt mear. Beide ploegen rûnen der oars wol út neffens de oare konkurrinten. Lollum hie mei 3 in fol wedstriidpunt minder as Skearnegoutum, en Jorwert syn iennichste wapenfeit yn ‘e heechste klasse wie in 2-2 lykspul tsjin Lollum.

En ja, dat Hartwert is en bliuwt in klup fan poerbêste dammers, dat liet it twadde tiim ek sjen. Ek al liet Hartwert II it yn ‘e earste omloop in bytsje sitte tsjin Aldegea II: 2-2. Mar Hartwert II wûn wol fan Jorwert II, wylst de Aldegeasters it dêrtsjin mei 2-2 wer wat sitte lieten. It ferskil kaam ek goed ta útdrukking yn ‘e buordpunten: 8,5 foar Hartwert II en 5 foar Aldegea II. En Jorwert II? Dy kamen net fierder as 2 buordpunten. Mar dy hiene se yn ‘e 2-2 tsjin Aldegea II wol effysjint ynset, dat alhiel sûnder by wedstriidpunt einige Jorwert II úteinliks net.

No ja, en doe wie it dus oan ‘e priisútrikking ta, en doe bleau it yn Het Wapen van Baarderadeel noch lang gesellich. Lykas meastal.

Utslaggen:

Earste omloop: Lollum – Jorwert I 2-2; Skearnegoutum – Hartwert I 1-3; Hartwert II – Aldegea II 2-2; Jorwert II frij.

Twadde omloop: Jorwert I – Hartwert II 2,5 – 1,5; Jorwert II – Skearnegoutum 0-4; Hartwert I – Aldegea II 3-1; Lollum frij.

Tredde omloop: Hartwert I – Jorwert I 2,5 – 1,5; Skearnegoutum – Lollum 3-1; Aldegea II – Jorwert II 2-2; Hartwert II frij.

Fjirde omloop: Jorwert I – Skearnegoutum 0-4; Hartwert I – Lollum 2-2; Hartwert II – Jorwert II 4-0; Aldegea II frij.

Fyfde omloop: Lollum – Hartwert II 3-1; Jorwert II – Hartwert I 0-4; Aldegea II – Skearnegoutum 0-4; Jorwert I frij.

Einstân klasse A (mei tusken heakjes it tal buordpunten): 1. Hartwert I 4,5 (14); 2. Skearnegoutum 4 (16); 3. Lollum 3 (11); 4. Jorwert I 2,5 (9).

Einstân klasse B: 1. Hartwert II 1,5 (8,5); 2. Aldegea II 1 (5); 3. Jorwert II 0,5 (2).


Over de auteur

friesdammen administrator