Hartwert wie De Strikers de baas yn in spannend treffen.

doorfriesdammen

Hartwert wie De Strikers de baas yn in spannend treffen.

It âldjier kin damklup De Stadige Strikers suver net moaier ôfslute as yn in treffen tsjin damklup Hartwert e.o.  Yn Hartwert fûn de tradysje fan de freonskiplike striid  tsjininoar plak. In striid wie it. Hoewol’t Hartwert nochal rap op foarsprong kaam, nei’t de earste punten foar de Strikers wienen, rûgelen der ek noch hiel wat punten nei Skearnegoutum ta. Uteinlik wie Hartwert de baas.

Beide klups setten trettjin spilers achter de buorden. Gjin inkele dammer hoegde stil te sitten. Doe’t der tolve spultsjes út wienen stie der op it skoareboerd: 6½ – 5½. De Strikers hienen noch in punt nedich om der kamp út te slepen. Herman Scheltinga siet tsjin Bauke Dykstra. Beide mannen spilen in moai iepen spul. Alle Strikers hopen fansels dat Dykstra winne soe. Dan soenen de klups op itselde oantal punten komme. Yn de einstriid krige Herman de bettere papieren en wûn.

De foarsitter joech likegoed heech op fan syn ferliezende ploech. Hy murk op dat syn spilers alles der oan dien hienen om te winnen. De measte partijen brûkten hast de hiele beskikbere tiid. Ek de twa debutanten fan de Strikers, heit en soan, Jan en Kees Castelein. Sy ferlearen beide wol, mar wol nei in protte striid. Sy moasten it opnimme tsjin twa yn it sâlt bebiten dammers: Jesse Boschma en Ids Boersma. It wie gjin wûnder dat dy beide Hartwerters it wûnen. 

Al mei al siet men rêstich en konsintrearrre te damjen yn it tige noflike ûnderkommen: It Terphûs. De Strikers ha de Hartwerters al fêst wer útnûge foar de striid takom jier yn Skearnegoutum.

Utslach: Hein de Vries – Jelle Wiersma 0 – 1; Taeke Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Tsjerk Wijbenga – Dicky van der Meer 1 – 0; Fedde Wiersma – Willem Schaap 0 – 1; Herman Terwisscha van Scheltinga – Bauke Dykstra 1 – 0; Germ Bruinsma – Cor Kooistra 0 – 1; Sjoerd Teake Kooistra – Ype Boelens ½ – ½; Jan Bouma – Sjoerd Huitema 0 – 1; Klaas Abma – Bauke Bos 1 – 0; Klaas Wiersma – Tineke Teigeler 0 – 1; Siebe Elzinga – Hennie de Haan 1 – 0; Jesse Boschma – Jan Castelein 1 – 0; Ids Boersma – Kees Castelein 1 – 0. Einstân 7½ – 5½.

Tekst: Cor Kooistra

Over de auteur

friesdammen administrator