Hartwert wint op twa fronten by MINI-klupkampioenskip

doorfriesdammen

Hartwert wint op twa fronten by MINI-klupkampioenskip

(Tekst fan Siebren Dyk en foto’s makke troch Geart Tigchelaar)

It klupkamioenskip yn it fluchdamjen waard âlderwenst ek dit jier wer ferspile op ‘e boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert. Der wiene acht ploegen, dat dêr koene moai twa pûles fan fjouwer fan foarme wurde. Spitich wie dat Aldegea gjin ôffurdiging hie. Dêr stie foaroer dat Hartwert en it organisearjende OKK twa fjouwertallen ynsette koene. Wedstriidlieder Willem Dykstra hie miend dat it it bêste wie dat
klupgenoaten net tsjin inoar yn it fjild kamen, mar dy goedbedoelde yndieling fertsjinnet miskien gjin ferfolch. Krekt as yn ‘e edysje fan 2024 einigen de fertsjintwurdigers fan Hartwert yn beide klassen boppeoan. En Jorwert bakte der op ‘en nij neat fan.

De krêft fan Hartwert I siet him der miskien wol yn dat it eins gjin swakke plakken hie. Dammers as Tsjerk Wijbenga, Hein de Vries, Jesse Boschma en Fedde Wiersma kinne jo elk foar oar wol om in boadskip stjoere. Dêr foaroer hiene, mei alle respekt, Skearnegoutum en Lollum dochs wol in hendikep mei respektyflik Bauke Bos en Niek Tolsma op it fjirde boerd. Om fan Jorwert I, dat syn fêste krêften Kees Tijssen en Frans Kingma miste, mar net iens te praten.

Hartwert I sette fuortendaliks al goed yn troch yn ‘e earste omloop Lollum te ferslaan. Oan Jorwert I hie it dêrnei gjin hanwetter, en dat wie dêrnei ek sa mei Jorwert II en Blauhús. Yn ‘e lêste omloop, tsjin Skearnegoutum, gong it der om. De Stadige Strikers hawwe de MINI al hiel faak op har namme skreaun, mar kamen no tsjin Hartwert net fierder as in 2-2 lykspul. Se bleauwen dêrmei op 3,5 punt stykjen, en waarden sa ek noch foarbystutsen
troch Lollum, dat harren yn ‘e twadde omloop al earder mei in minimale oerwinning fan 2,5-1,5 krekt oan kant set hie.

Mei trije titelkandidaten wie it boppeyn de heechste klasse dus wis wol spannend. Dat wie ûnderyn net sa. Jorwert I bakte der neat fan, en ferlear sels fan twaddeklasser Hartwert II. Mar jo kinne ek sizze dat dat fan de twadde garnituer fan de Hartwerters wol hiel knap wie. Harren grutte konkurrint yn ‘e twadde klasse, De Gaastmar, rêde it tsjin Jorwert I mei in
ferlies fan 0,5-3,5 nammentlik lang net op. Efterôf hat dat ek krekt it ferskil útmakke. Yn ‘e eigen klasse spilen de Gaastmarders tsjin Hartwert II gelyk, en wûnen se ek fan Blauhús en Jorwert II, en kamen sa op treddel punt út, ien minder as Hartwert II. Blauhús stelde koe dus yn dizze klasse net hielendal meidwaan, ek al wûn it wol fan Jorwert II. Dy ploech mei foaral begjinnende dammers hold lykwols yn it foarste plak de olympyske gedachte yn eare. En dat dat ek noch ien buordpunt opsmiet, dat wie foar harren al klearebare winst.

Utslaggen
Earste omloop: Hartwert I – Lollum 2,5-1,5; Skearnegoutum – Jorwert I 4-0; Jorwert II – Bauhús 0-4; Hartwert II – De Gaastmar 2-2.
Twadde omloop: Jorwert I – Hartwert I 0,5-3,5; Lollum – Skearnegoutum 2,5-1,5; Blauhús – Hartwert II 1,5-2,5; De Gaastmar – Jorwert II 4-0.
Tredde omloop: Lollum – Blauhús 2,5-1,5; Jorwert I – Hartwert II 1,5-2,5; Hartwert I – Jorwert II 4-0; Skearnegoutum – De Gaastmar 4-0.
Fjirde omloop: Blauhús – Hartwert I 1-3; Hartwert II – Skearnegoutum 1-3; Jorwert II – Lollum 0-4; Jorwert I – De Gaastmar 3,5-0,5.
Fyfde omloop: Hartwert I – Skearnegoutum 2-2; Lollum – Jorwert I 4-0; Hartwert II – Jorwert II 3-1; De Gaastmar – Blauhús 3-1.

Einstannen, mei tusken heakjes it tal buordpunten

Klasse I: 1. Hartwert I 4,5 (15); 2. Lollum 4 (14,5); 3. Skearnegoutum 3,5 (14,5); 4. Jorwert I 1 (5,5).
Klasse II: 1. Hartwert II 3,5 (11); 2. De Gaastmar 2,5 (9,5); 3. Blauhús 1 (9); 4. Jorwert II 0 (1).

Oersjoch fan ‘e seal, mei op ‘e foargrûn it topduel Skearnegoutum tsjin Hartwert I
(foto: Geart Tigchelaar)
De winners, Tjerk Wijbenga fan Hartwert I en Herman Terwisscha van Scheltinga fan Hartwert II. (foto: Geart Tigchelaar)

Over de auteur

friesdammen administrator