It is wat yn ús wrâldsje mei al dy koroana ynfeksjes. Fansels gie it dêr ferline wike op de earste jûn fan de Stadige Strikers ek oer. De Strikers sille de maatregels sa’t dy der steld binne fansels yn acht nimme. Dat kin net oars. Op dy earste jûn ha de Strikers ek de einútslach fan de kompetysje fierd troch de priiswinners te huldigjen en harren de prizen te oerhannichjen. It bestjoer wie fan betinken dat de stân sa as dy by it ferplicht stopjen fan de kompetysje wie, as einstân te beskôgjen. De nije kampioen waard good old Sjoerd Jan Bakker. Like lang lid as dat de klup bestiet. Fierders hoopje de Strikers fansels dat se de kommende tiid negatyf bliuwe sille, mar dat se fierders in posityf damskoft te mjitte gean sille.
Moandeitejûn 28 septimber wie de twadde jûn. Der waard fuortendaliks damme fansels. Wol op oardel meter ôfstân fan elkoar. Sels de kofje of tee ophelje en mear fan dizze regels wêr’t men wat oan wenne moat, mar wat fierders ek gjin swierrichheden jout. Elkenien ferheuge him of har derop om wer te skowen. Foar Hennie de Haan gie dat noch net troch. Us weromkommer nei safolle jier, Willem Jan Nieuwenhuizen, mocht de nûmers sizze foar de earste rûnte en doe waard Hennie keppele oan Jelle Wiersma. Hennie waard suver wat bleek om ‘e noas en se damme leaver mar net. Eins hie se in steand nûmer, mar Jelle woe wol tsjin twa tagelyk. Hennie gie dochs leaver mar nei hûs. De oare tolve setten mei in protte moed út ein.
Heit en soan Castelein wienen eins net oan it damjen ta kommen sa seinen se, mar wy tinke dat se wakker oan it oefenjen west ha. It duorre net iens sa lang dat heit Jan mei in soad leven en kabaal fjouwer fan Tineke Teigeler har skoandere houtsjes fan it boerd sloech. De partij wie doe eins spile. Fansels spinpoate Tineke noch wol wat tsjin, mar der wie foar har gjin salve mear oan te striken. Nei dy partij spilen se noch ferskate potsjes fiif tsjin fiif. Kees Castelein moast it opnimme tsjin Willem Jan. It waard syn earste dampotsje yn it Swettehûs. De beide mannen makken der in moaie pot fan, mar Willem Jan moast syn kennis fan it damjen wol fan hiel djip wer op poetse. Uteinlik moast er yn Kees syn meardere erkenne. No tinke de Strikers, de omsitters, dat dy beide Casteleinen wol deeglik alle jûnen suver achter it boerd sitten ha fan ‘e simmer. Us nije kampioen liet sjen dat er net foar neat de hâlder is fan de heechste titel. Hy hie Willem Schaap by it ear en gyng sa al mei op reis nei syn folgjende kampioensbeker. De tiid sil it leare!
Einútslach 2019 – 2020. Earste klasse: 1 en kampioen Sjoerd Jan Bakker 10 út 13; 2 Willem Schaap 9½ – 15; 3 Bauke Dykstra 9 – 14; 4 Cor Kooistra 8½ – 13; 5 Jelle Wiersma 8 -13; 7 Dicky van der Meer 7 – 12; 8 Ype Boelens 5½ – 14. Twadde klasse: 1 en promovendus Sjoerd Huitema 7 – 12; 2 Hennie de Haan 7 -14; 3 Bauke Bos 7 – 16; 4 Tineke Teigeler 6 -15; 5 Hester Boelens 2½ -8; 6 Kees Castelein 2 – 10; 7 Jan Castelein 1½ – 11; 8 Jan de Jager 0 -1.
Kompetysje moandeitejûn: Ype Boelens – Bauke Bos 0 – 1; Tineke Teigeler – Jan Caselein 0 – 1; Kees Castelein – Willem Jan Nieuwenhuizen 1 – 0; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1; Sjoerd Huitema – Bauke Dykstra 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Over de auteur