Dat de jongeman, de jongste fan de Stadige Strikers, de daam ek fuortendaliks wer kwyt wie, docht fierders net ter sake: hy hie in daam hân. Hy hie der fierders neat oan, mar it feit fan it hawwen fan sa’n wolf die him goed. Fierders wienen der moandeitejûn njoggen fan de tolve dammers oanwêzich. De trije dy’t der net wienen, hienen dêrfoar goeie redenen.
Dicky van der Meer spile tsjin de beide Casteleinen. De soan dy’t anonym al efkes oanhelle waard yn de earste alinea koe it lang net hâlde, mar syn heit liet him net sa mar fan it boerd reagje. No is Dicky fansels in haadklasse spiler en Jan Castelein ien út de tredde klasse. Dan kin men fan tinken wol ha hoe’t soks ôfrinne sil. Dicky gie mei twa punten werom nei Terherne.
De beide bestjoersleden Bauke Bos en Ype Boelens spilen sa op it earste each wol in spannende partij. Doch soe dat net lang sa bliuwe. Ype helle der in moaie flypflap út en Bauke koe him wol ynpakke. Hy liet him trouwens net fuortendaliks ynpakke. Hy besocht der noch út te heljen wat der noch yn siet, mar dat wie net folle en hy moast him mar deljaan ûnder it ferlies.
Ynienen hearden wy it nochal hurd slaan fan in houtsje dat oer de fijânlike houtsjes sprong. Dejinge dy’t dat houtsje bestjoerde wie Tineke Teigeler. Sy makke in ein oan de partij tsjin Hennie de Haan.
De twa âld Hartwerters sieten tsjinoer elkoar: Bauke Dykstra en Cor Kooistra. De partij gyng wol hiel apart útein. Kooistra spile mei wyt tsjin alle regels yn, mar wol earlik, lit dêr gjin misferstân oer bestean. It waard dus in stân dy’t men net sa faak sjocht. Kooistra skode de rún en houtsje 49 fan de daam. Dykstra besocht om yn dy stân om te rammeljen. Hy miende dat er de slach wist, mar kaam nei it striken der achter dat it net koe. Kooistra spile ek net sa goed: hy sloech mar ien, wylst er twa pakke koe. Dochs betearde it foar him noch tige posityf en wûn fan syn âld doarpsgenoat.
Utslaggen: Jan Castelein – Dicky van der Meer 0 – 1; Dicky van der Meer – Kees Castelein 1 – 0; Bauke Bos – Ype Boelens 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Hennie de Haan 1 – 0.
(C. Kooistra)
Over de auteur