“Ik wol wol kamp!”sei Dykstra.

doorfriesdammen

“Ik wol wol kamp!”sei Dykstra.

Remizes komme yn it Fryske spul net sa folle foar. Freedtejûn waarden der yn Sânfurd 75 potsjes spile en der einige mar ien yn kamp. As men wat langer tiid hat om te tinken dan komme der fansels mear kampen foar. By de Stadige Strikers liken der moandeitejûn ek wer gjin kampen te kommen. Der siet doe noch ien spul. Dykstra tsjin Bakker. 

It spul like aardich de kant út te gean dat der wol in winner komme soe. Bakker like de grutste kânsen op winst te hawwen. Bauke Dykstra seach al in pear kear allegearre apen en bearen, mar skarrele hieltiten noch moai troch. Op it lêst wie it sa dat hy noch ien daam hie en syn tsjinstanner ek in daam mar ek noch twa houtsjes. Dykstra gong efter in hout fan Bakker stean; hy sette dat hout op slach, mar it oare hout stie like goed ek op slach. Dat seach Bakker even oer de holle, sette  syn daam sa danich del dat er tocht dat Dykstra him yn de bek rinne soe. Dykstra sei doe: “Ik wol wol kamp!” Hy hie al lang sjoen dat er ek oarsom slaan koe en dan wie it yndie remize. Bakker woe dat net oan en tocht noch hieltien dat er it wûn hie. Doe sloech Dykstra de beide houten krekt oars as wat Bakker tocht hie. Kamp dus! Bakker skrok der fan!

De beide Casteleinen rekken beide yn it begjin fan de partij fuort in houtsje efter. En dan wurdt it fansels in hiele toer om der noch wat út te heljen. Sy ferlearen beide  dan ek. Jelle Wiersma en Willem Schaap hienen neffens in oare dammer in Hollâns spul. Sa like it yndie. Yn dy Hollânske stân stûn Jelle wol in houtsje foar. Hy wûn dan ek, mar it wie wer in lust om te sjen hoefolle nocht Willem oan dy wylde stân hie. Hennie de Haan koe it úteinlik net risse tsjin Bauke Bos. Healwei de partij like alles noch aardich yn lykwicht, mar yn de einfaze sloech Bauke aardich ta en wûn. Tineke Teigeler koe it net hâlde tsjin Jelle Wiersma. De kampioen fan Sânfurd pakte dus earst Tineke yn en letter Willem.

Utslaggen:Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra ½ – ½; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Ype Boelens Kees Castelein 1 – 0; Jelle Wiersma – Tineke Teigeler 1 – 0; Jan Castelein – Cor Kooistra 0 – 1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator