In gesellige jûn mar net sa’n soad echte yngewikkelde partijen.

doorfriesdammen

In gesellige jûn mar net sa’n soad echte yngewikkelde partijen.

De Stadige Strikers soenen graach in blyk mei dammers iepenje, mar ja dat giet sa mar net. Ferline jier sieten wy wol gauris mei sykte en dat is dit jier net oars. Boppedat hat fansels it wurk ek faak foarrang op it damjen. En dat is folkomen te begripen: moai dat men wurk hat. Mar it is wol ris sa dat as men gjin wurk hat it damjen der by guon better op wurdt. Sa’n foarbyld rint der ek om by de Strikers. Al mei al wie it wol in gesellige damjûn. Mei mar ien partij,  dêr’t it oant de lêste set der om gie.

Dat wie de partij tusken Ype Boelens en Sjoerd Jan Bakker. Der waard yn dat spul sterk skood. Sjoerd Jan mei swart sloech yn de iepening de lange hoeke der út by wyt. Dat binne de Strikers wol fan him wend. Dus siet Bakker fuortendaliks al yn syn faforite spul. Hy krige ek al gau in houtsje op fjild 36. Dat koe Ype fuortendaliks rjochtsette, mar Bakker bleau oanfallen. Ja hy is de man dy’t net mear wurket en hieltiten better begjint te damjen. Op it lêst hie er it wer perfekt foarinoar troch op de set ôf te winnen.

Der waard ien partij foar de Fryslân Kup ferspile. Willem Schaap ûntfong klupgenoat Dicky van der Meer.  Foar de lêste gyng it yn it begjin al ferkeard en kaam doe in houtsje efter. Dy foarsprong joech Willem net mear út hannen en hy sit no yn de heale finale.

Utslaggen: Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Jelle Wiersma – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Jan Castelein 1 – 0;  FK Willem Schaap – Dicky van der Meer 1 -0.

(Tekst: CK)

Over de auteur

friesdammen administrator