In juwiel fan in einspul, It Fryske spul is machtich moai.

doorfriesdammen

In juwiel fan in einspul, It Fryske spul is machtich moai.

De dammers fan Damklup de Stadige Strikers sieten moandeitejûn wer yn it boarterslokaal fan de skoalle. Dat is in moai ljocht lokaal en de Strikers meie dêr wol sitte. It damjen dizze jûn stie ek wat yn it teken fan de Fryslân Kup. Bauke Dykstra en Dicky van der Meer sieten al rom op tiid te wachtsjen op harren tsjinstanner, wylst Bauke Bos nei Hartwert ôfreizge wie. De moaiste partij fan de jûn waard spile troch twa Strikers. Sy lieten in juwiel fan in einspul sjen.

Wat is it Fryske spul dochs ferhipte moai. Sjoerd Jan Bakker en Willem Schaap lieten dat yn harren partij ferskate kearen sjen. De ein wie hielendal om te jûchheien. It like der in soad op dat it op kamp útdraaie soe. Elk hie in daam en in houtsje. It houtsje fan Bakker koe promofearje ta daam, mar sadanich dat dat earme houtsje fan Schaap troch beide dammen pakt wurde koe, mar de slach fan ien daam betsjutte dat Willem Schaap mei syn eigen wolf net mear oars koe as by Bakker syn daam yn de bek te rinnen. De partij wie sa út as in kâlde kachel.

Dicky van der Meer kaam net oan it damjen ta foar de Fryslân Kup: syn tsjinstanner siet op Kurasao. Bauke Dykstra spile in moaie partij tsjin Sytse de Jong fan Aldegea. Der wie al twa oeren lang net folle fan te sizzen, mar doe striek Dykstra ûnder in hout en sette it op slach. De Jong mocht net ticht strike, want dan wie er ferkâlden. Dat barde wol en Dykstra sloech yn it hout om as mâle Jan yn de hinnen. Undertusken epte der ek goed nijs út Hartwert ús damseal binnen: Bauke Bos fersloech Klaas Wiersma. No wienen der al trije Strikers yn de twadde ronde.

Hoewol’t Jan Castelein fan Tineke Teigeler ferlear hie dat hiel oars kinnen. Al frij yn it begjin fan de partij helle Tineke in daam. Doe hie Jan dy pakke kinnen troch dy daam op te sluten. Hy keas der foar om dy daam te pakken troch in houtsje te offerjen. As er it earste dien hie, wie de kâns op winnen folle grutter west. Mar ja dat is neipraat fansels.

Utslaggen: Ype Boelens – Hennie de Haan 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 1 – 0; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0; Kees Castelein – Cor Kooistra 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator