In nij begjin, mar hoe ’t it ferrinne of eindigje sil…

doorfriesdammen

In nij begjin, mar hoe ’t it ferrinne of eindigje sil…

Hartwert. It âlde jier is ôfrûn, 2026 tsjinnet him oan lykas in nije dampartij: do witst hoe’t it begjint, mar net hoe’t it ferrinne of eindigje sil. In dammer wol net deselde flaters meitsje en graach mei goede foarnimmens begjinne (om der dêrnei efter te kommen dat dit net sa maklik fol te hâlden is). Dat kin tradysjegetrou yn Hartwert dêr’t it earste damtoernoai Frysk Spul fan it jier organisearre wurdt troch de pleatslike damklup.

By it Fryske Spul hat men in soad mooglike iepeningssetten, mei elk har eigen karakter. Elke iepeningsset seit wat oer de spiler dy’t him ferrjochtet. Je binne in klassike spiler, as giest graach tsjin de stream yn? Hâldst fan wissichheid as biist op syk nei oarloch op it boerd? As bin je in romantikus? Hâldst mear fan gokken en giest foar kompleksiteit? Al dizze karakters wiene dizze dei wol oanwêzich op dizze prachtige damdei yn Hartwert.

De A-klasse, bestie út twa groepkes. Groep 1 hie as grutte winner de Ljouwerter Hein de Vries, hy wûn al syn partijen. Der efter folgen trije man mei elke ien winstpartij. Yn groep 2 liet Cor Kooistra sjen dat hy noch wol damje kin. De man út Nylân hie de moarns tsjin de frou sein dat der gjin party winne soe. Oars die bliken, miskien wat gelokkich yn de earste twa partijen, mar de lêste partij makke hy prachtich út. Hy liet syn tsjinstanner mei in berekkene lêste set, smoare yn de koarte hoeke. Syn broer Taeke waard twadde.

De spilers yn de B-klasse wiene oaninoar weage. De trije klupleden Fedde, Klaas en Germ gunden inoar allegear in winstpartij en dêrmei dielden se de earste priis mei-inoar. De mannen sille wol tinke, we moatte noch de hiele winter mei elkoar op de klup. Yn de C-klasse liet Anne de Boer fan him hearre. De boer yn rêst ferdjippet him goed yn it damjen en pakt de lêste tiid faak in priiske op toernoaien. Ek no wie er op dreef en wûn er al syn trije partijen, wêrby’t de winst op de normaal op heger nivo spyljend Sjoerd Kooistra ferrassend neamd wurde mocht. Dy waard úteinlik twadde.

In slagge damdei yn Hartwert mei prachtige partijen. De priiswinners wûnen in amer fol itenswaren. De ferliezers giene ek net mei lege hannen nei hûs. Elkenien krige in pûdsje Fryske dúmkes.

Folsleine útslach:
A-klasse groep 1: 1. Hein de Vries (3p), 2. Tjerk Wijbenga, Dicky van der Meer, Liuwe Westra (1p). A-klasse groep 2: 1. Cor Kooistra (3p), 2. Taeke Kooistra (2p). B-klasse: 1. Fedde Wiersma, Klaas Abma, Germ Bruinsma (1p). C-klasse: 1. Anne de Boer (3p), 2. Sjoerd Kooistra (2p).

Over de auteur

friesdammen administrator