In soad damûnderfining oan ien tafel.

doorfriesdammen

In soad damûnderfining oan ien tafel.

Moandeitejûn lêstlyn wie in damjûn as alle oaren. Dochs dienen har ek sitewaasjes foar dy’t gewoanwei net sa foar de hân lizze. Alle bestjoersleden waarden fan it boerd feegd en de twa âldsten makken der in moaie partij fan. Yn dy lêste partij wie de âldste de winner, mar dy hat fansels ek mear damûnderfining. Krekt as dy twa âlde mantsjes yn in âldereintehûs dy’t rúzje krigen. Doe de âldste like te winnen, rôp de jongste: mar do bist ek twa jier âlder.

It is fansels in foarrjocht as jo as dikke tachtichplusser noch altiten skerp en tûk binne. Bauke Dykstra en Sjoerd Jan Bakker binne fan dy mannen dy’t alle kearen wer skerp út de hoeke komme kinne. Sy makken der dizze jûn ek wer in moaie partij fan. Men seit oan de ein fan de fûke fangt men de fisk en dat sechje gyng ek op foar dizze striid. Bauke kaam der yn de ein fan it spul dochs better út as Sjoerd Jan. De lêste koe net foarkomme dat Bauke trochbriek nei daam. Doe wie de partij ek sa mar bekeken.

Tineke wûn fan Jan Castelein. Jan koe oproppen wurde foar in klus en dat hat dan wer ynfloed op it spul. De partij wie dan ek wat te flot út. Tineke wûn. Dicky van der Meer hie net sa folle problemen mei bestjoerslid Ype Boelens. Hy kaam ridlik gau in houtsje foar en liet doe de winst net mear slûpe.

En dan de klapper fan de jûn. De man dy’t klapte wie nimmen minder as Willem Schaap. Hy spile twa spul tagelyk tsjin Bauke Bos en Cor Kooistra. Willen feegde dy mannen fan it boerd al wie it neat.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 0 – 1; Ype Boelens – Dicky van der Meer 0 – 1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator