It wie fan te foaren net in útmakke saak dat Willem Schaap de tredde ronde helje soe. Op moandeitejûn lêstlyn soe dêr dúdlikheid yn komme. Twa partijen yn de Fryslân Kup soenen dan ferspile wurde. Spitich wie dat Hein de Vries as tsjinstanner fan Dicky van der Meer ôfsizze moast. En Willem Schaap dy’t ek in thúswedstryd hie, koe wol damme. Soe hy in ronde fierder komme?
Dat dat noch de fraach wie, kaam trochdat it lot him keppele hie oan klupgenoat en klupkampioen Jelle Wiersma. No dan witte jo it faak wol. As de mannen tsjin elkoar damje, dan is der ien ding wis: der komt altiten in moaie striid op it boerd mei de hûndert fjouwerkantsjes. Dizze moandei wie it idem dito. In prachtich iepen spul. Hoe’t it allegearre krekt om en ta gien is, is de skriuwer ûntkaam. Hy hat wol fan hearen en sizzen dat Willem der krekt wat better op kaam te stean en dat resultearre úteinlik yn in stân dêr’t Jelle net mear in antwurd op hie en mar ien ding te dwaan hie: Willem sukses ta winskje yn de folgjende ronde.
Dicky van der Meer dy’t him al wakker preparearre hie op de striid tsjin Hein de Vries moast yn plak dêrfan tsjin good old Sjoerd Jan Bakker. De lêste fersloech foarige wike Schaap, dus dêr die wol bliken út dat de Snitser wer aardich op gleed kommen is mei de dammerij. Mooglik siet Dicky der noch wat mei dat er no tsjin Sjoerd Jan moast. Hoe dan ek it rûn net yn dizze partij. Mooglik makket er him al wat soargen oer it kommende kampioenskip yn Drachten wêrfoar’t er him kwalifisearre hat. Wa sil it sizze, mar ien ding kin men hjir wol stelle dat de partij fierstente gau út wie en dat Bakker frij maklik syn punt pakte.
Utslaggen: Willem Schaap – Jelle Wiersma 1 – 0, Fryslân Kup; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Jan Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0.
ck
Over de auteur