Moandeitejûn hienen de Strikers trije gasten op besite. Trije dammers. Twa fan de klup út Hartwert en ien út Blauhûs. Ien fan ús fêste dammers, Bauke Bos wie útflein nei Aldegea om dêr de degens te krusen mei Siebe Walinga. En dat allegearre yn it kader fan de striid fan de Fryslân Kup. Gelokkich spilen ek noch in pear Strikers in gewoane partij foar de klupkompetysje.
“No sit ik mei in houtsje dat ik net ha!” spriek Sjoerd Jan Bakker, wa oars, yn syn partij tsjin Jan Castelein. Ek sûnder dat houtsje koe Sjoerd him wol rêde. Jan joech him touwens net sa mar oer. Hy hie in prima spul en it wie dêrom spitich dat er in hiel foardielige ôfruil net seach. Hie er dat dien dan hie er de grutte Sjoerd Jan noch wol even sear dwaan kinnen. Dat barde dus net en Sjoerd Jan koe wer in kostber puntsje by skriuwe op syn palmares.
De partij tusken Ype Boelens en Jelle Wiersma wie wat te gau út. Fuort yn it
begjin rekke Ype in houtsje efter. No ja dan witte jo it wol. Hy koe allinne noch wat spinpoatsje mar kânsen smiet dat net op. Mei de oare spilers, dy fan de Kup, like it hiel goed te gean. Sa wûn Dicky van der Meer fan Fedde Wiersma. De lêste fleach yn in teory dêr’t er net by stil stûn hie. Sa wie Dicky de earste dy’t in ronde fierder wie. De oare twa soenen syn foarbyld folgje.
Utslaggen. Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Jan Castelein 1 – 0. Leo Altena – Cor Kooistra 0 – 1; Fedde Wiersma – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem Schaap – Tsjerk Wybenga 1 – 0. Yn Aldegea ferlear Bauke Bos fan Siebe Walinga.
Over de auteur