It hat wat duorre foardat de winst der wer ris wie

doorfriesdammen

It hat wat duorre foardat de winst der wer ris wie

By guon dammers is it frij normaal dat se wyk yn wyk út de winst pakke, mar der binne fansels ek oaren. By de Stadige Strikers besiket elkenien de winst te pakken, mar by de ien giet dat him of har wat liniger ôf as by de oar. As jo dan mar in bytsje winne, wat is it dan moai dat jo it swiet fan de sege wer ris smeitsje meie. It hie wat duorre, mar doe wie der dan dochs wer ris de winst foar Kees Castelein.

It like der net sa bot op dat Kees winne soe fan Hennie de Haan. Hy kaam yn it middenspul in houtsje efter en dan witte jo it faaks wol. Kees rekke fan dy efterstân net fan it sintrum en skerpe him noch ris goed op. Dat hie fan gefolgen dat er der hieltiten better op kaam te stean. Boppedat die Hennie net de alderbêste setten en op in bepaald stuit stie se der wakker beroerd op. Al twa kear hie se dizze kompetysje wûn fan Kees en faak makke dy yn it lêst noch wol in foutsje. Mar diskear net! Hy rammele op in gegeven momint in stik as fjouwer houtsjes fan it boerd en doe wie it spul wol bekeken. Kees dy wûn, mar hy sei:”It wie in dreech spul!”

In dreech spul spile Bauke Bos net. Hy spile twa kear en wûn twa kear mei in laits op syn gesicht. Dy laits kaam net sa sear fanwege dat winnen, mar folle mear omdat er te damjen siet tsjin Willem Jan Steenhuizen. De lêste hat troch omstannichheden al oardel jier net in partij op de klup spile en dêrom wie net allinne Bauke yn poerbêste stimming, mar elkenien op de klup. It is net sa dat wy nije wike Willem Jan wer sjen sille, mar mooglik it oar jier wol wer.

Ferline wike ferlear Tineke har partij tsjin Bauke Bos, wylst se eins winne moatten hie. Dan fûn se sels ek. No moast se it opnimme tsjin Cor Kooistra en dat gong foar Tineke as it slytjage. Sy die hieltiten wer de goeie set en Kooistra moast de eagen gewoan goed iepen hâlde om net yn gefaar te kommen. Doe‘t it sa’n bytsje nei de einfaze rûn, makke Tineke dochs in foutsje en koe se net mear ferhinderje om in houtsje efter te kommen. Dat barde dus ek, mar se striek wol op de foar har foardelichste manier. Likegoed koe se it fierders net mear yn har foardiel beslisse, mar har âlde learmaster wie suver wat út de skroeven oer har stappen fan foarútgong. 

Utslaggen: Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½; Ype Boelens – Bauke Dykstra  0 – 1; Kees Castelein – Hennie de Haan 1 – 0; Cor Kooistra – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Bos – Willem Jan Steenhuizen 1 – 0.

Over de auteur

friesdammen administrator