Foar sa’n lytse klup as de Stadige Strikers falt it noch net ta om alle damaktiviteiten goed har gerak te jaan. Moandeitejûn wie it sa dat de beide
topdammers fan de klup net oanwêzich wienen. De iene, Willem Schaap, wie nei Aldegea om dêr de striid oan te gean mei Pieter Hoogterp. Dy twa spilen foar de folgjende ronde fan de Fryslân Kup.
En Jelle Wiersma woe wol even sûnder de houtsjes. Hy hie ôfrûne sneon twa lange partijen spile tsjin Henk Haanstra út Aldegea en dy partijen soenen útslútsel jaan fan wa’t him persoanlik kampioen Frysk Spul neamme koe. Dat waard wûn troch Jelle Wiersma, hy wûn beide partijen. Hy waard dêrmei wer Frysk kampioen. De Stadige Strikers binne fansels grutsk om sa’n kampioen yn har gelederen te hawwen.
De striid tusken Pieter Hoogterp en Willem Schaap einige yn in oerwinning fan Schaap. De lêste sit no yn de finale fan de winners. Moai wurk Willem. Der waard fansels ek spile yn de klupkompetysje. Jan Castelein hie net folle
moederaasje mei Tineke Teigeler. Hy wûn frij maklik tsjin har. Tineke hie har bêste jûn net, mar dat ha jo soms. Jan woe noch wol in potsje. Sa’n oerwinning smakke nei mear. It mear is noait fol… Dochs koe er it net hâlde tsjin Bauke Bos. Dy wie op syn iepenst en joech Jan gjin kâns.
De tredde partij gong tusken Cor Kooistra en Ype Boelens. It like in hiele
ynteressante partij te wurden, mar dan moast Ype it wol goed dwaan. Dat die er net. Hy seach de teoryset net goed genôch en rekke in hout achter en in daam tsjin. Doe wie de partij eins sa goed as út.
Utslaggen: Tineke Teigeler – Jan Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 1; Jan Castelein – Bauke Bos.
Over de auteur