It rint nei de ein

doorfriesdammen

It rint nei de ein

De dagen wurde langer, dus it is hast tiid om de damhoutsjes, buorden en klokken op te romjen en ús dwaande te hâlden mei oare dingen. Op de ien nei lêste jûn wiene dan der ek wat minder dammers dan oars, want by sommigen begjinne de oare dingen no al.

Fiif Stadige Strikers wiene der wol en makken der in moaie jûn fan. Ype Boelens spile tsjin twa dammers, Bauke Bos en Tineke Teigeler. Beide Strikers makken it de ponghâlder net al te dreech en sa koe Ype twa punten meinimme nei Menaam. Jan Castelein naam it op tsjin Cor Kooistra en wie goed by de les. Kooistra, as âld skoalmaster, hoechde net folle les te jaan, want ien fan ús lêste oanwinsten, want Jan damt noch mar in pear jier, wie goed skerp en wûn de partij. Jan hat sa stadichoan al moai wat puntsjes bymekoar skarrele en dit is fansels tige moai. Hooplik binne der nije wike op ús slotjûn wat mear dammers en dan is it earst wer dien mei de dammerij op ús klup.

Utslaggen: Jan Castelein – Cor Kooistra 1-0; Ype Boelens – Tineke Teigeler 1-0; Bauke Bos – Ype Boelens 0-1

Over de auteur

friesdammen administrator