It wie wat in suterige boel by de Strikers.

doorfriesdammen

It wie wat in suterige boel by de Strikers.

It is alle jierren wer sa dat der op de moandeis foar de tredde partij fan it persoanlik kampioenskip fan it bûn de jûns dêrnei, it by de Strikers net optilt fan de dammers. No lei it net allinne oan dy bûnspartij dat der mar njoggen dammers oanwêzich wienen, nee ek it omikronfirus soarge der foar dat twa fan ús dammers net yn aksje komme koenen. Sa wie it wat in suterige boel by de Strikers moandeitejûn.

Gelokkich moast Piet Sikma fan Hartwert in partij foarút spylje foar it  PK tsjin Ype Boelens. En Willem Schaap en Cor Kooistra damden net foar de kompetysje mar folgen de partij fan Ype en Piet. Yn dy partij kaam Ype al frij gau op foarsprong en dy liet er him net mear ûntglûpe.

Jelle Wiersma makke frij gau dien wurk tsjin Dicky van der Meer en Bauke Bos wie te sterk foar Hennie de Haan. Doe sieten der noch twa te damjen, tsjinelkoar. Sjoerd Jan Bakker tsjin Tineke Teigeler. Dat spul wie de muoite wurdich om te folgjen. Tineke siet wer oandachtich te tinken, sa as wy dat de lêste wiken fan har wend binne. Sjoerd Jan koe it net litte om te kleien dat er it spul oan alle kanten en einen ferlieze soe. No moat der sein wurde dat er mei syn kleilieten wol it gelyk oan syn kant hie. Allinne moast Tineke skerp bliuwe en gjin hastige setten dwaan. Sels hie se har tsjinstanner goed yn de smizen: ”Troch dy praatsjes fan Bakker wol er my leauwe litte, dat ik net mear ferlieze kin, mar ûndertusken hat er syn plannen al klear om my te eliminearjen!” Dêr koe se wol ris gelyk oan ha, mar de ûnpartijdige taskôgers seagen dat Tineke it ferrin fan de partij hielendal yn eigen hân hie, mar se moast geduld ha en gjin oerhaaste dingen dwaan. Dat lêste die se wol en doe wist Bakker fuortendaliks wol dat er it wûn hie. Tineke ruile ôf en dêr hie se mei wachtsje moatten. Se koe Bakker syn daam krije en dat hie earst moatten. Damjen komt hiel krekt!

Utslaggewn: Ype Boelens – Piet Sikma 1 – 0 PK; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator