Blauhús – Hy hie der twa ekstra wedstriden foar nedich, mar dochs is it Jelle Wiersma slagge om wer persoanlik kampioen yn it damjen Frysk spul te wurden. Dat ek al wer foar de trettjinde kear, en sûnt 2017 ek net mear ûnderbrutsen. Mar it gong dit jier net fan in laaien dakje. Yn it reguliere toernoai einige de Wommelser wol boppeoan, mar de ferrassende Henk Haanstra út Aldegea (SWF) hie likefolle punten. It reglemint skriuwt dan foar dat der noch twa beslissingswedstriden spile wurde moatte, dêr’t beide kandidaten in kear wyt en in kear swart yn ha. Ferline wike spilen de mannen noch kamp tsjininoar, mar dy útslach kaam sneon yn Blauhús net mear foar. Al koe fan in grut krêftsferskil net praat wurde, oan ‘e ein fan beide strategyske partijen kaam Haanstra dochs krekt even tekoart. En sa is oan Wiersma syn gloarjetocht dus noch net in ein kaam.
Over de auteur