Jelle Wiersma dochs wer kampioen Frysk damjen

doorfriesdammen

Jelle Wiersma dochs wer kampioen Frysk damjen

De Gastmar – Hy moast fier wei komme, Jelle Wiersma. Hy sette it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen sels yn mei in ferliespartij. Mar nei de sande en lêste omloop stie er, lykas de lêste jierren, wer gewoan boppeoan.

De ynhelrace fan de Wommelser mocht besjen lije. Ek yn ‘e tredde omloop moast er tsjin Taeke Kooistra noch in heal punt tajaan, mar dêrnei sloech er it paad omheech foargoed yn. By it yngean fan ‘e finale hied er syn efterstân werombrocht ta noch mar in heal punt. Der stiene no noch twa spilers boppe him, Marten Walinga en Taeke Kooistra. Dy moasten de moarns fuortdaliks tsjin inoar, dat fan dy konkurrinten soe ek ien weifalle. It waard Walinga. Hy liet nochal wat gatten yn syn stelling ta, en dan nimme jo by it Frysk damjen in risiko. Mei in tûke slach kaam Kooistra op foarsprong, en in pear setten letter hie de Waaksenser it wol besjoen.

Wiersma hie ûnderwilens dy syn broer Siebe fan him ôfskodde. De Aldegeaster, dy’t wakkere wikselfallich út ‘e hoeke komme kin, seach oer de holle dat Wiersma efter in skiif rinne koe dy’t net mear te ferdigenjen wie. It smiet ek fuortdaliks in daam op, mar dy wachte Walinga mar net iens mear ôf.

Mar de middeis liet dizze selde Siebe Walinga tsjin Kooistra in hiele oare kant fan him sjen. No foel it yn ‘e Hartwerter te priizgjen dat er de risiko’s net mijde. Mei syn heale punt foarsprong op Wiersma hied er ek in ferdigenjende taktyk oanhâlde kinnen. Kooistra naam dêrfoaroer krekt in agressive foarpost yn. Mar dy smiet him net folle op, en geandewei krige er der sels hyltyd mear lêst fan. Boppedat begûn Walinga syn rjochterkant wat langer wat mear Kooistra syn sintrumskiven te bedriigjen. In offer koe net útbliuwe. Walinga kaam as earste op daam, en breide der dêrnei kreas in ein oan.

Kooistra syn ûnferwachtse ferlies joech oan Wiersma de gelegenheid om ta te slaan, mar dêrfoar moast er noch al Marten Walinga geweken nimme. Lang gong de partij lykop. Yn in stân fan trije om trije offere Wiersma in hout, mar dat makke wol dat er as earste op daam kaam, en dat wie genôch foar de oerwinning. En foar al wer syn tsiende kampioenskip.

Underyn wie der ek noch wol spektakel te belibjen. By it yngean fan ‘e lêste omloop stie de Terhernster Dicky van der Meer noch sûnder punten stiif ûnderoan, mar Hein de Vries, Henk Haanstra en Folkert Groenveld moasten mei elkmis 2½ punt ek foar har damjen op it heechste nivo yn noed sitte. Yn ‘e lêste omloop moasten Haanstra en De Vries tsjin inoar, en Groenveld like it op papier it maklikste te hawwen tsjin Van der Meer. Mar papier is gewillich. Groenveld gong kopke-ûnder, en de oare beide mannen spilen kamp, sadat de beide promovendy streekrjocht wer werom koene nei de twadde acht. Se wurde ynwiksele tsjin Tsjerk Wijbenga en Pieter Hoogterp, dy’t in jier earder krekt wer degradearre wiene.

Utslaggen en einstannen (mei tusken heakjes it SB-getal) Kampioensklasse, sechsde omloop:

Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Marten Walinga (Waaksens) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Dicky van der Meer (Terherne) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1. Sande omloop: Wiersma – M. Walinga 1-0, Kooistra – S. Walinga 0-1, De Vries – Haanstra 0,5-0,5, Groenveld – Van der Meer 0-1. Einstân: Wiersma 5,5; Kooistra 5; M. Walinga 4; Haanstra 3,5 (23); S. Walinga 3,5 (21,5); De Vries 3; Groenveld 2,5; Van der Meer 1.

Twadde acht, sechsde omloop: Bauke Dijkstra (Nijbeets) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 1-0, Liuwe Westra (Lollum) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5. Sande omloop: Wijbenga – Hoogterp 1-0, Hoekstra – Dijkstra 0-1, Kingma – Bernard Kroon (Blauwhús) 1-0. Einstân nei seis partijen: Wijbenga 5; Hoogterp 3,5 (18); Dijkstra 3,5 (16); Kingma 2,5 (16,5); Westra 2,5 (13,5); Kroon 2 (12); Hoekstra 2 (9).

Tredde acht, sechsde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Ype Boelens (Menaam) 1-0, Siebren Dyk (Jorwert) – Fedde Wiersma (Easterein) 0-1, Hidde de Vries (Langsweagen) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0. Sande omloop: K. Wiersma – Dyk 1-0, F. Wiersma (Easterein) – De Vries 1-0. Einstân na vijf partijen: Schaap 5; F. Wiersma 3,5; De Vries 3; K. Wiersma 2,5; Boelens 1; Dyk 0.

Over de auteur

friesdammen administrator