Jelle Wiersma is it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul goed begûn. It waard de Wommelser sneon yn Hartwert yn de earste twa omlopen ek net al te dreech makke. Earst ferseach Hein de Vries him yn e iepening, dat dy partij wie al nei njoggen setten beslikke. Dêrnei beoardiele Tjerk Wijbenga in damtrochbraak wat al te optimistysk. Hy hie de stân materieel wer yn it lykwicht bringe kind, mar liet dat gewurde, en dat betearde foar de Arumer net goed.
Underwilens liet de konkurrinsje al punten sitte. Taeke Kooistra koe syn thúsfoardiel tsjin Siebe Walinga (Aldegea-SWF) net fersulverje; hy kaam net fierder as kamp. Walinga syn broer Marten mocht sels fan alle gelok sprekke dat Pieter Hoogterp yn it einspul de kop der net hielendal by hie. No bleau de skea foar de Waaksenser beheind ta in heal punt.
By de twadde acht hat Willem Schaap fan Dearsum allinne de kop naam. Yn e tredde acht steane good old Sjoerd Couperus en Piet Sikma boppeoan. Sy fersloegen de Jorwerters Siebren Dyk en Frans Kingma.
Utslaggen en tuskenstannen
Kampioensklasse, earste omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5, Piter Hoogterp (De Gaastmar) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5; twadde omloop: Wiersma – Wijbenga 1-0, Haanstra – De Vries 1-0, Kooistra – Hoogterp 1-0, Marten Walinga – Siebe Walinga 1-0.
Stân: Wiersma 2; M. Walinga en Kooistra 1,5; Haanstra en Wijbenga 1; Hoogterp en S. Walinga 0,5; De Vries 0.
Twadde acht, earste omloop: Willem Schaap (Dearsum) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) – Sjoerd Jan Bakker (Snits) 1-0, Bauke Dijkstra (De Tynje) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1; twadde omloop: Hoekstra – Wiersma 1-0, Bakker – Schaap 0-1, Groenveld – Westra 0-1, Tijssen – Dijkstra 0-1.
Stân: Schaap 2; Dijkstra 1,5; Hoekstra, Tijssen, Westra en Wiersma 1; Groenveld 0,5; Bakker 0.
Tredde acht, earste omloop: Ype Boelens (Menaam) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Cor Kooistra (Nijlân) útsteld, Siebren Dyk (Jorwert) – Piet Sikma (Hartwert) 0-1, Frans Kingma (Jorwert) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; twadde omloop: Van der Meer – Wiersma 0-1, Kooistra – Boelens 1-0, Sikma – Kingma 1-0, Couperus – Dyk 1-0.
Stân: Couperus en Sikma 2-2; Kooistra en Wiersma 1-1; Van der Meer 2-1; Boelens, Dyk en Kingma 2-0.
Over de auteur