Jelle Wiersma op nij damkampioen

doorfriesdammen

Jelle Wiersma op nij damkampioen

Jelle Wiersma hat sneon yn Aldegea (SWF) it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul op syn namme skreaun. It wie de tredde kear efterinoar dat de Wommelser dat prestearde, neidat dêrfoar Taeke Kooistra út Hartwert jierrenlang oan it bewâld west hat. Kooistra kaam no net fierder as it tredde plak.

It waard de moarns fuortdaliks dúdlik hoe t de kaarten der foar stiene. Beide matsjedoaren moasten tsjininoar. Der waard earst wakker hinne en wer lavearre, oant Wiersma in trochbraak nei daam naam. Dêr hie Kooistra gjin antwurd mear op.  Sa bleau der foar Wiersma noch ien mooglike konkurrint oer, en dat wie Marten Walinga. De Waaksenser hie de moarns ôfrekkene mei de altyd lestige Henk Haanstra, en hie sa noch altyd mar in heal punt efterstân op Wiersma.

De middeis wie it programma krekt oarsom. Haanstra moast no tsjin Wiersma, en doe liet de Aldegeaster sjen dat er wier wol in poepke damje kin. Hy sette Wiersma yn it begjinnende einspul goed ûnder druk, dat de Wommelser moast fanneed wol materiaal offerje. Hy tocht dat er slûchslim noch wol oan in ferlies ûntkomme koe, mar dêr struts Haanstra in skoatteltsje foar.

Henk Haanstra tsjin rjochts kampioen Jelle Wiersma (foto: M. Walinga).

Wiersma bleau dus op sechtel punt stykjen. Troch te winnen soe Marten Walinga him foarbystrike kinne. Safier kaam it lykwols net. Taeke Kooistra ferdigene him tûk, en kaam der yn it einspul sels better op te stean. Walinga moast hout kwyt om troch te brekken, mar dat holp net, want Kooistra hie de fangstelling al klear stean. Dat sa waard Jelle Wiersma dochs wer persoanlik kampioen.

Underyn wie it allike spannend. De beide degradaasjekandidaten Hein de Vries en Siebe Walinga krigen ynienen de guit, mar dat bliek oan de ein foar beiden net genôch te wêzen. De mannen wurde opfolge troch Kees Tijssen (Reduzum) en Willem Schaap (Dearsum). Benammen foar Tijssen wie dat in opfallende prestaasje. Lang hold er frij ûnopfallend ta yn de twadde acht, mar no damme er as yn syn jonge jierren.

Yn de tredde acht die de âlderein it ek bêst. Cor Kooistra promovearre wer werom nei de twadde acht. Folle opfallender noch wie it earste plak fan Sjoerd Couperus. De Snitser hoegde yn sân partijen mar ien kampspul ta te stean, en dat is foar in 88-jierrige in prestaasje dy t wol yn de krante mei.

Utslaggen en einstannen fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul

Kampioensklasse, sechsde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Hein de Vries (Ljouwert) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 1-0, Piter Hoogterp (De Gaastmar) – Tjerk Wijbenga (Arum) 0-1.

Sande omloop: Wiersma – Haanstra 0-1, M. Walinga – Kooistra 0-1, Wijbenga – De Vries 0-1, S. Walinga – Hoogterp 1-0.

Einstân: 1. Wiersma 5,5; 2. M. Walinga 5; 3. Kooistra 4,5; 4. Haanstra 4; 5. Wijbenga 3; 6. Hoogterp 2,5; 7. De Vries 2; 8. S. Walinga 1,5.

Twadde acht, sechsde omloop: Folkert Groenveld (Jutryp) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1, Willem Schaap (Dearsum) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0, Liuwe Westra (Lollum) – Fedde Wiersma (Easterein) 0-1.

Sande omloop: Hoekstra – Bakker 0-1, Tijssen – Groenveld 1-0, Wiersma – Schaap 0-1, Dijkstra – Westra 0,5-0,5.

Einstân: 1. Tijssen 6; 2. Schaap 5; 3.; Dijkstra 3,5 (12,25); 4. Hoekstra 3,5 (8,75); 5. Groenveld 3 (10,25); 6. Bakker 3 (9,5); 7. Westra 2 (6,25); 8. Wiersma 2 (5).

Tredde acht, sechsde omloop: Piet Sikma (Hartwert) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Ype Boelens (Menaam) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1, Frans Kingma (Jorwert) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0.

Sande omloop: Van der Meer – Kooistra 0-1, Couperus – Sikma 1-0, Wiersma – Boelens 0-1, Dyk – Kingma 0,5-0,5.

Einstân: 1. Couperus 6,5; 2. Kooistra 5; 3. Dyk 4; 4. Van der Meer 3 (8,5); 5. Boelens 3 (8,5); 6. Sikma 2,5; 7. Kingma 2 (5,5); 8. Wiersma 2 (5,5).

(Tekst: S. Dyk)

Over de auteur

friesdammen administrator