Jelle Wiersma wer kampioen Frysk damjen

doorfriesdammen

Jelle Wiersma wer kampioen Frysk damjen

Troch Siebren Dyk

Blauhús — Der wurde prachtige partijen spile, en oan ‘e ein ta hast altyd spannend. En dochs driget it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul ek in lyts bytsje ferfelend te wurden. Jelle Wiersma wûn dus wer. Sneon helle er yn Blauhús al wer syn alfte kampioenskip, sûnt 2017 hat sels gjin oarenien it tradysjonele gouden tientsje yn ûntfangst naam. De man kin der langer hast in filla fan keapje.

Foardat de lêste twa omlopen begûnen, wiene der noch twa konkurrinten dy’t Wiersma byhâlde koene. Marten Walinga hie op dat stuit sels likefolle punten. Mar Walinga hie de moarns in lestige tsjinstanner yn Taeke Kooistra. De njoggentjinfâldich kampioen – yn earder tiden wie it kampioenskip ek wol ris wat iensidich – is miskien wol wat op syn retoer, mar de âlde foks hat syn streken perfoarst noch net ferlern. Op syn tritichste set, mei elkmis noch tsien houtsjes, sette er Walinga ûnder druk. Dy loste de driging efterôf ferkeard op, mar wa sjocht ek sa’n djippe falstrik? Kooistra sette in fjouwerdûbelde kombinaasje yn, hy offere acht houtsjes, liet Walinga ek even op daam komme, mar sels hold er der acht setten letter wol in daam oan oer, en dy kaam sa geunstich te stean dat de fjouwer skiven fan Walinga gjin kant mear út koene. In keunststikje!

De oare konkurrint, Pieter Hoogterp, koe ûnderwilens tsjin de leechpleatste Willem Schaap gjin potten brekke. Hy hie tefolle hout yn ‘e midden, en waard troch de Jirnsumer sa yn ‘e tange knypt dat er it optlêst mar leafst fjouwer houtsjes minder hie, en doe waard it yndied tiid om de hân út te stekken. En Wiersma? Dy gong yn syn striid tsjin Hein de Vries lykop, mar sette syn hout wol sa strategysk del dat er yn in stân fan trije om trije de winst opstrike koe.

Yn ‘e lêste omloop wie der noch ien dy’t Wiersma mooglikerwize dwerse kneppels smite koe. Dat wie Marten Walinga: as dy yn it direkte duel winne soe, soed er noch op likense hichte komme kinne. Mar safier kaam it net. Walinga krige gjin fet op syn tsjinstanner, pleatste op in stuit wol in offer, dat lykwols net folle útwurking hie, en hy waard dêrnei troch Wiersma sa besingele dat dy earder op daam komme koe. Hoogterp syn mooglik twadde plak rekke ûnderwilens ek út sicht doe’t hy tsjin Henk Haanstra syn materiaal wat al te folle op ien kant fan it boerd sette. Haanstra hie de moarns al fan Folkert Groenveld wûn, en ek Kooistra helle op kundige wize syn twadde oerwinning fan ‘e dei binnen, no ten koste fan Hein de Vries. 

It kaam der meiinoar op del dat Kooistra en Haanstra úteinliks it twadde plak besetten, mar wol op de grutte ôfstân fan mar leafst oardel punt fan Wiersma. Underyn degradearren Folkert Groenveld en de bot weromfallen Hein de Vries, de lêste omdat er úteinliks krekt wat minder wjerstânspunten hie as Willem Schaap, dy’t ek op twa wedstriidpunten útkaam.

Yn ‘e twadde acht einige Siebe Walinga neffens ferwachting boppeoan, lykwols op mar in heal punt folge troch de ferrassende Bernard Kroon. Dy is mei syn promoasje de earste Blauhúster dy’t ta it walhalla fan it Frysk damjen trochkringt. De tredde acht waard wûn troch Willem Hoekstra. Hy wurdt yn syn wei omheech beselskippe fan Siebren Dyk, en dat wylst de Jorwerter syn earste twa partijen noch ferlern hie.

Utslaggen en einstannen (mei wjerstânspunten tusken heakjes)

Kampioensklasse, sechsde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Marten Walinga (Waaksens) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1, Folkert Groenveld (Jutryp) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 0-1; sande omloop: Wiersma – Walinga 1-0, Kooistra  – De Vries 1-0, Haanstra  – Hoogterp 1-0, Schaap  – Groenveld 0-1.

Einstân: 1. Wiersma 6; 2. Kooistra 4,5 (26,5); 3. Haanstra 4,5 (26); 4. Walinga 4; 5. Hoogterp 3,5; 6. Schaap 2 (13,5); 7. De Vries 2 (9); 8. Groenveld 1,5.

Twadde acht, sechsde omloop: Bernard Kroon (Blauhús) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Tsjerk Wijbenga (Arum) – Liuwe Westra (Lollum) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Kees Tijssen (Reduzum) 1-0, Cor Kooistra (Nijlân) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1; sande omloop: Walinga – Wijbenga 0,5-0,5, Westra – Kroon 0-1, Van der Meer – Wiersma 0-1, Tijssen – Kooistra 0-1.

Einstân: 1. Walinga 5,5; 2. Kroon 5; 3. Kooistra 4 (29,5); 4. Westra 4 (21); 5. Wijbenga 3,5; 6. Wiersma 3; 7. Tijssen 2; 8. Van der Meer 1.

Tredde acht, sechsde omloop: Willem Hoekstra (Aldegea SWF) – Bauke Dijkstra (Nijbeets) 1-0, Marcel Altena (Blauhús) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1, Hidde de Vries (Langsweagen) – Sjouke Attema (De Gastmar) 1-0, Rein Jan Walinga (Aldegea SWF) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0; sande omloop: Dijkstra – Altena 0,5-0,5, Dyk – Hoekstra 0,5-0,5, Wiersma – De Vries 0-1, Attema – Walinga 0,5-0,5.

Einstân: 1. Hoekstra 5,5; 2. Dyk 4,5 (30,5); 3. Dijkstra 4,5 (25); 4. De Vries 4; 5. Walinga 3,5; 6. Attema 2 (14,5); 7. Altena 2 (13,5); Wiersma 0-1.

Kampioen Jelle Wiersma (l) tsjin Marten Walinga

Over de auteur

friesdammen administrator