De ien nei lêste dei waard iepene troch wethâlder Pieter van der Zwan, oan it boerd fan de âldste dielnimmer, dy’t it opnimme mocht tsjin de jongste dielnimmer fan it selskip. De âldste, Hein Meijer, waard ûnder druk set troch it jonge talint Matheo Boxum. It bliek de langste partij fan ‘e dei te wurden, mar de âldste hold goed fol en helle lang om let de remize binnen. Wouter Ludwig krige foardiel tsjin Anton van Berkel, mar dat sloech net troch, dat der waard dochs mar ta in remize besletten. Luuk Terweijden spilet oantreklike partijen, mar no waard er oan ‘e kant treaun troch in oanfallende Ben Provoost, dy’t syn foardiel fersulvere mei in lytse kombinaasje.
Jitse Slump spile in fermaaklike pot tsjin Wouter Sipma. Lang gong de striid lykop, oant Sipma in lichte forsing miste, en dêrtroch koe Slump materiaalwinst helje. In moaie oerwinning foar Slump, dy’t dêrmei noch altyd meidocht yn ‘e striid om it tredde plak. Gerlof Kolk spile in goede partij tsjin Martijn van IJzendoorn. Mar dy seach it gefaar, en wikkele ôf nei remize.
De beide kandidaten foar de titel diene dizze omloop wakker har bêst om noch in oerwinning ta te heakjen oan it totaal, mar harren tsjinstanners holden hoek: Gabriël Heerema tsjin Jan Groenendijk en Van der Star tsjin Alexander Baliakin. Dat makket dat der noch in spannende lêste omloop te wachtsjen stiet, want Baliakin stiet wol in punt foar, mar Groenendijk hat op papier in makliker lotting. By mooglik gelyk einigjen komme der barraazjes oan te pas.
By de foarlêste omloop fan it NK Frysk damjen is Jelle Wiersma nei winst op Frederik Bos in heal punt ynrûn op koprinder Taeke Kooistra. Dat hie noch slimmer kind, want Folkert Groenveld liet yn it einspul tsjin Kooistra de winst slûpe. Marten Walinga probearre in nije iepeningsfariant, mar hy makke in raren flater en ferlear sa fan Hein de Vries. Dicky van der Meer spile in sterke partij tsjin Frans Kingma, dy’t him yn it einspul ferseach op in troch him yn gong sette kombinaasje.
De jûns waard it Nederlânsk kampioenskip FRYSK! holden, in fariant fan it Frysk damjen dy’t begjint mei fiif houtsjes op ‘e efterste line. 23 dielnimmers spilen meiinoar 7 omlopen. Taeke Kooistra, dy’t yn it gewoane toernoai syn goede foarm sjen lit, spile hjir ek de measte spilers fan it boerd en waard sa fertsjinne kampioen. Hy pleatst him hjirmei foar it wrâldkampioenskip FRYSK!, dat op 25 febrewaris holden wurde sil yn it âlde stedhûs fan Frjentsjer.
Over de auteur