Wêr’t de meast pessimistyske swarttinker al benaud foar wie, dat is moandeitejûn yn Jorwert útkaam. Nei de trije omlopen foar trije plakken by de tredde acht fan ‘e persoanlike kampioenskippen hawwe de fjouwer kandidaten presiis likefolle punten.
Fan tefoaren like de saak frij dúdlik. Nei twa remizes yn ‘e earste omloop hiene de beide Jorwerterkandidaten Siebren Dyk en Frans Kingma yn ‘e twadde omloop wûn fan harren Hartwerter konkurrinten Piet Sikma en Klaas Wiersma. De Hartwerters liken der min foar te stean. Mar se fochten werom, en hoe! En ek noch op fijanlik terrein yn in bysealtsje fan kafee Het Wapen van Baarderadeel.
It earst moast Kingma belies jaan. Hy stie der tsjin Piet Sikma hielendal net raar op, maar waard doe mei it ynnimmen fan in foarpost wat al te dryst. Sikma strafte dat fenomenaal ôf mei in komplekse damset, en doe wie Frânseman dach.
Op it oare boerd seach it der foar Siebren Dyk fuortdaliks al tsjuster út. Hy kaam net goed út ‘e iepening, ek al besocht er wol te ferdigenjen en moast de oanfallende Klaas Wiersma likegoed útsjen. Doe’t Dyk in ruiltsje miende te dwaan dat hielendal net koe, wie it mei him ek besjoen.
Goede rie wie op dat stuit djoer. Elk likeheech mei oardel punt. Sonnema Bearenburch en ûnderlinge resltaten joegen ek gjin útslútsel. Hiene de dammers hjirfoar no trije jûnen yn waar en wyn der op út moatten? Der wiene al spontaan trije dy’t har oanbeaën om har dan mar frijwillich werom te lûken.
Mar sjoch, doe wie dêr de rêdende ingel yn ‘e foarm fan demisjonêr bestjoerslid Fedde Wiersma.Hy stelde út om noch ien jûn trije omlopen te fluchdamjen, it leafst op neutraal terrein. Dêr koe elk him optlêst yn fine. Dat as it no naaid wurdt sa’t it knipt is, dan sil Skearnegoutum kommende moandei tsjûge wêze fan in spetterjende finale!
(Tekst: S. Dyk)
Over de auteur