Koptrio

doorfriesdammen

Koptrio


 

En doe hiene we ynienen trije man boppeoan. Yn dizze kolommen is al earder memorearre dat it persoanlik kampioenskip dit jier wat de rommelige kant neist is, mar moandeitejûn is dat allegearre kreas rjochtlutsen mei mar leafst fjouwer ynhelpartijen, wêrfan in krúsjale yn ‘e kampioensklasse, dy’t yn Hartwert ferspile waard.

 

Yn dat duel tusken Marten Walinga en Taeke Kooistra siet de spanning der fan it begjin ôf goed yn. Nei in skerpe iepening rekke de partij wol yn in wat rêstiger farwetter, dêr’t Walinga wat posysjoneel foardiel yn like te hawwen, mar hy moast likegoed duvels oppasse. Dat bliek wol doe’t er tuskentiid in hout offere. Doe’t Kooistra dat letter weromjoech, en der in stân fan twa dammen en beide in skiif oerbleau, wie Walinga sines wat foarliker. Mar om dêr in twadde daam fan te meitsjen slagge net. Kamp dus, en dat makket dat Walinga en Kooistra no gelyk boppeoan steane mei Jelle Wiersma. De sterkste mei it sneon yn ‘e finale yn It Joo yn Aldegea mar wier meitsje.

 

Yn Skearnegoutum waarden der foar de tredde acht noch mar leafst trije ynhelwedstriden spile. De grutte matsjedoar yn dizze klasse is Frans Kingma. De Jorwerter moast him ôfrûne hjerst troch middel fan kwalifikaasjewedstriden pleatse, mar dat is oan syn spyljen net ôf te nimmen. Oant no ta hat er alles noch wûn. Marcel Altena, dy’t foar de partij mar in heal puntsje minder hie, koe him úteinliks ek net de baas. It lange wjuk fan de Blauhúster kaam der beroerd op te stean, dat hy offere in hout. Dat joech Kingma op in stuit wer werom, mar doe wie it foar Altena hâlden en kearen om syn materiaal dêr sa midden op it boerd te beskermjen. It waard in titanestriid, dy’t in soad rekkentiid frege. Mar doe’t Kingma lang om let op daam kaam, wie it nei kundich manûvrearjen dochs ek noch wer gaueftich beslikke.

 

Ek spannend wie it by Cor Kooistra tsjin dy oare Blauhúster, Bernard Kroon. It rûn út op in klassyk kantspul, dêr’t Kroon de bêste papieren like te hawwen. Kooistra sloech dêrom nei de midden, mar dêr koed er it hout net hanthavenje. En doe’t er letter in twadde skiif offerje moast, wie it dach mei de keapman.

 

En dan wie der yn Skearnegoutum ek noch in tredde parij, mar dy gong sa hurd dat de taskôgers dy’t wat letter ynskeakele ha, dêr net folle fan meikrigen ha sille. Wiersma waard op in stuit wat al te folle omsingele. It like dat er úteinlikls wol trochbrekke koe, mar Boelens smiet him in ein efterút en kaam sels folle earder op daam. En dat wie genôch.

 

Tuskenstannen nei fiif omlopen

Kampioensklasse: T. Kooistra, M. Walinga en J. Wiersma 3,5; S. Walinga 3; H. Haanstra 2,5; H. de Vries en Tsj. Wijbenga 1,5; P. Hoogterp 1.

 

Tredde acht: F. Kingma 5; M. Altena en B. Kroon 3,5; Y. Boelens, S. Dyk en C. Kooistra 2; P. Sikma en K. Wiersma 1.

Over de auteur

friesdammen administrator