Easterein – Dat de krêftsferskillen tusken de klups yn it Frysk damjen mar hiel lyts binne, waard sneon yn seal Bergsma yn Easterein op ‘en nij oantoand. It iene jier seit it oare yn dy tinksport net. Waarden De Stadige Strikers ferline jier noch as kampioen huldige, no moasten de Skearnegoutumers nei ôfrin nota bene as degradant wer op hûs oan. It wie dit jier it achttal fan De Rûge Wolf út Lollum dat mei tsjelke en blommen it feest yn gean koe.
De Lollumers leine de basis foar harren einoerwinning al yn ‘e earste omloop. Mei 5-3 waard doe it altyd deeglike Hartwert ferslein. Dêrmei kamen se fuortendaliks al allinnich oan kop, want Skearnegoutum en Aldegea (SWF) dielden de punten. It koe yn dit kampioenskip dus noch alle kanten út.Dat de klups hiel ticht byelkoar sieten, lieten de útslaggen ek sjen. Trije kear koe it hiele lytse ferskil 5-3 notearre wurde, en twa kear sels it lykspul fan 4-4. Mar ien kear wie der in klapper. Yn ‘e twadde omloop sljochte Lollum it Skearnegoutumer bolwurk mei mar leafst 6,5-1,5. Foar Skearnegoutum wie dat in dreun dêr’t de ploech net mear oerhinne komme soe. De lêste omloop tsjin Hartwert soe ek ferlearn gean, ek al wie de útslach fan 3-5 dan wol wat draagliker.Foar de Lollumers hie dy meunsteroerwinning it oangename foardiel dat se tagelyk yn ien klap ek in hiel soad buordpunten byinoar skarrelen. En noch moaier, de konkurrinsje, no yn ‘e foarm fan Aldegea en Hartwert, hold inoar yn dy twadde omloop al wer mei 4-4 yn it lykwicht, en ferskiet sa op ‘en nij in heal wedstriidpunt. Dêr hie Lollum op dat stuit al twa fan, en dy oare beiden mar ien.It kampioenskip koe Lollum yn ‘e lêste omloop dus eins al net mear ûntgean. Mar in triomftocht waard it ek net. Dêr struts Aldegea mei in kreaze oerwinning fan 5-3 in skoatteltsje foar. It betsjutte foar de promovendus in knap twadde plak, mei mar oardel buordpunt minder as de úteinlike kampioen.It is de lêste jierren tradysje dat Blauhús wat hinne en wer pendelet tusken de kampioensklasse en de twadde klasse. No mochten de mannen wer omheech, ek al wie de oerwinning op Jorwert mar minimaal. Troch de ploegen ûnderyn redusearjen nei 6 spilers koe der dit jier wer in folweardige tredde klasse foarme wurde. Dy waard alhiel neffens ferwachting wûn troch de twadde ploech fan Hartwert.
Utslaggen en einstannen
Kampioensklasse: Skearnegoutum – Aldegea 4-4, Hartwert – Lollum 3-5; Lollum – Skearnegoutum 6,5-1,5, Aldegea – Hartwert 4-4; Hartwert – Skearnegoutum 5-3, Aldegea – Lollum 5-3.Einstân (mei tusken heakjes de buordpunten): 1. Lollum 2 (14,5); 2. Aldegea 2 (13); 3. Hartwert 1,5 (12); 4. Skearnegoutum 0,5 (8,5).
Twadde klasse: Blauhús – Jorwert 3,5-2,5, De Gaastmar – Aldegea II 4-2; Aldegea II – Blauhús 1-5, Jorwert – De Gaastmar 4-2; De Gaastmar – Blauhús 2,5-3,5, Jorwert – Aldegea II 4,5-1,5.Einstân: 1. Blauhús 3 (12); 2. Jorwert 2 (11); 3. De Gaastmar 1 (8,5); 4. Aldegea II 0 (4,5).
Tredde klasse: Hartwert II – DFS-tiim 5-1, Lollum II – Blauhús II 2,5-3,5; Blauhús II – Hartwert II 2-4, DFS-tiim – Lollum II 0,5-5,5; Lollum II – Hartwert II 2-4, DFS-tiim – Blauhús II 2-4.Einstân: 1. Hartwert II 3 (13); 2. Blauhús II 2 (9,5); 3. Lollum 1 (10); 4. DFS-tiim 0 (3,5).
Over de auteur