Lotting foar it Fryslân Iepen 2025 bekend, earste earertitels yn it Frysk damjen útrikt.

doorfriesdammen

Lotting foar it Fryslân Iepen 2025 bekend, earste earertitels yn it Frysk damjen útrikt.

FRJENTSJER – Froulike dielnimmers lotsje swier. Op tiisdei 18 febrewaris start de earste ronde fan it Fryslân Iepen 2025 op de klipper Elizabeth. De finalisten fan it WK 2024, Taeke Kooistra (GM) en Ties Slagter treffe elkoar fuort al yn de earste ronde en krije in swiere earste partij, lykas Fedde Kramer út Midwolda dy’t ien fan de favoriten treft, de Frjentsjerter Foeke Tiemensma (M).Der binne twa froulike dielnimmers, Petra Duskova út Tsjechië en Alix Bouffard út Kanada, beiden krije in swiere earste ronde tsjin respektyflik Jelle Wiersma (GM), ien fan de favoriten. Alix Bouffard mei it opnimme tsjin Henk Haanstra, winner fan it Fryslân Iepen 2023.Foarôfgeand oan de earste pairing waard foar it earst yn de histoarje fan it Frysk damjen de titels Master en Grutmaster útrikt. Dy hanneling waard dien troch de spilersfertsjintwurdiger fan de FMJD, Jean Marc Ndjofang. 

Stifting WFD- Foto: Jean Marc Ndjofang FMJD rikt it earste Master – sertifikaat út oan Hein de Vries út Ljouwert.

Aktuele stân fan it Fryslân Iepen 2025 fine jo op:https://toernooibase.kndb.nl/opvraag/standen.php?taal=&kl=23&Id=47797&jr=25&afko=23&r=– Webside toernoai: https://www.frisiandraughts.com/2pagina/136/12/13/fo-2025.html \ -Organisaasje: Stifting WFD, www.frisiandraughts.com


Over de auteur

friesdammen administrator