JORWERT – Fan ‘e fjouwer koprinders yn it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul bleau tiisdeitejûn oan ‘e ein fan ‘e tredde omloop mar ien oer. Marten Walinga wûn fan neiste konkurrint Taeke Kooistra, wylst de oare kânshawwers allegearre op remize stykjen bleaune.
Nei in lange oanrin mei in soad strategysk gesko sloech Walinga syn slach mei in moaie kombinaasje dêr’t er in daam mei helle. Dy stie ek fuorten-daliks sa geunstich dat er de oerbleaune trije skiven fan Kooistra yn ‘e stringen hâlde koe. Walinga syn broer Siebe kaam ûnderwilens tsjin de op papier swakkere Pieter Hoogterp net fierder as kamp. Hoogterp kaam der yndied minder op te stean, mar syn daam pakte úteinliks genôch fijanlike houtsjes.
In oare wichtige moeting, dy tusken Henk Haanstra en titelferdigener Jelle Wiersma, einige ek ûn beslist. Haanstra moast offerje om nei daam trochbrekke te kinnen, en skode úteinliks bekwaam nei remize. De fjirde wedstryd hie grif ek yn in lykspul einige as Hein de Vries mei in moaie finesse syn tsjinstanner Tsjerk Wijbenga net te pakken naam hie. Daam-slach giet yn it Fryske spul no ienris foar, en dat wie de Arumer even fergetten. De Vries is dêrmei fan it lêste plak ôf.
Spektakel wie der by de twadde acht. Koprinder Fedde Wiersma kaam mei in machtigen slach tsjin Liuwe Westra twa houtsjes foar. Mar dy helle syn gram troch in noch fernimstiger kombinaasje. De sa helle daam wie Wiersma dêrnei te machtich. Fan dy misstap profitearre Bernard Kroon. Troch in deeglike oerwinning op Willem Schaap hat de Blauhúster no ferrassend de kop oernaam.
Yn ‘e tredde acht rûn Cor Kooistra troch in remize tsjin de altyd deeglike Kees Tijssen syn earste skea op. Willem Hoekstra koe tanksij in oerwinning op reade lantearnedrager Ype Boelens sa op likense hichte komme. Kommende sneon wurdt it persoan kampioenskip fuortset yn Lollum.
Utslaggen en tuskenstannen
Kampioensklasse: Jelle Wiersma (Wommels) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5, Taeke Kooistra (Hartwert) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Pieter Hoogterp (De Gaastmar) 0,5-0,5, Hein de Vries (Ljouwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0. Stân: M. Walinga 2,5; Haanstra en S. Walinga 2; Kooistra en Wiersma 1,5; Hoogterp en De Vries 1; Wijbenga 0,5.
Twadde acht: Folkert Groenveld (Jutryp) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5, Dicky van der Meer (Terherne) – Bauke Dykstra (De Tynje) 1-0, Liuwe Westra (Lollum) – Fedde Wiersma (Easterein) 1- 0, Bernard Kroon (Blauhús) – Willem Schaap (Jirnsum) 1-0. Stân: Kroon 2,5; Groenveld, Westra en Wiersma 2; Schaap 1,5; Van der Meer 1; Dykstra en Kingma 0,5.
Tredde acht: Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Ype Boelens (Menaam) 1-0, Hidde de Vries (Langsweagen) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1, Siebren Dyk (Jorwert) – Malte Schulz (Hamburg) 1-0, Kees Tijssen (Reduzum) – Cor Kooistra (Nijlân) 0,5-0,5. Stân: Hoekstra en Kooistra 2,5; Tijssen 2; Schulz 1,5; Dyk, De Vries en Wiersma 1; Boelens 0,5.
Over de auteur