Yn de lêste omloop fan it Wrâldkampioenskip Frysk Damjen hiene Jelle Wiersma (3 p. ), Marten Walinga (2,5 p.) en Teake Kooistra (2,5 p.) alle trije noch kâns op ’e titel. Dat feroare nei de earste partij. Walinga wûn fan Ties Slagter (0 p.) en kaam dêrmei op 3,5 p. Dat hie nammers noch wol oars komme kind, want op ’e 27ste set seagen hy en syn tsjinstanner seagen kombinaasje oer de holle, dêr’t Slagter yn ien kear de aspiraasjes fan Walinga de grûn mei ynboarje kinnen hie. Tagelyk koe Wiersma tsjin Kooistra net fierder komme as kamp. Hy stie ferskate kearen neffens de analyze better, mar it slagge him net om it paad nei de winst te forsearjen. Dêrmei hong alles ôf fan ’e lêste twa partijen.
Hoewol ‘t it Kooistra en Wiersma oan te sjen wie, dat se it uterste fan har krêften jûn hiene en alles besocht hiene om te winnen, moasten se nei de lunch wer foarinoar oer plaknimme. Op ’en nij waard it in tige drege partij fan mear as trije oeren. Underwilens slagge Walinga oan syn twadde winstpunt tsjin Slagter. Dy lêste hâldt sûnder mis in ûnthjit yn foar de takomst, mar hy miste no noch krekt tefolle de rûtine yn it Frysk damspul. Hy hold it spul yn lykwicht oant en mei de 32ste set, mar fûn by einsluten yn Walinga syn master thús. Underwilens wrotten Kooistra en Wiersma fierder. Op in stuit joech de kompjûter op ‘en nij in foardiel oan foar Wiersma op set 34, mar de stelling wie kompleks en der waard gjin winnende fuortsetting fûn. De twa moarden noch 17 setten fierder, mar by eintsjebeslút einige de partij yn kamp. Dêrmei waard Walinga foar de tredde kear wrâldkampioen Frysk damjen.
De moarns wie op de Willem Barentszwerf it lêste njonkenevenemint: it earste ynternasjonale toernoai Maleisk damjen. Dizze foarm fan it damspul is allinnich yn in 19de-iuwsk manuskript oerlevere, mar wurdt de lêste tiid wer sporadysk beoefene. Dizze kear die bliken dat it Fryske team it sterkste wie, folge troch in ynternasjonaal gearstald team. De Poal Kosobudzki wie de sterkste yndividuele spiler.
De winner waard huldige en de dielnimmers waarden tasprutsen troch boargemaster Ina Sjerps. Hja beneamde de histoaryske bân tusken Frysk Damjen en Harns en spruts de oprjochte winsk út, dat yn ’e takomst spilers út alle kriten fan ’e wrâld ûnbehindere nei de Fryske havenstêd komme kinne om dizze unike titel op te easkjen.
Over de auteur