Marten Walinga wint op en nij de Wapenpartij

doorfriesdammen

Marten Walinga wint op en nij de Wapenpartij

Hij begjint der wat in abonnemint op te krijen. Ek yn 2025 wie Marten Walinga de sterkste yn it iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel”, oftewol de Wapenpartij. In kreaze prestaasje, benammen omdat it dielnimmersfjild dit jier sterk wie.

Allinnich tsjin Jelle Wiersma moast Walinga yn ‘e lêste omloop in lykspul tastean. Mar dêrfoar hied er al wûn fan Willem Hoekstra, Folkert Groenveld en de pleatslike favoryt Willem Dykstra. Wiersma moast it úteinliks yn ‘e einstân mei in heal punt minder dwaan. Hy hie yn ‘e earste omloop fuortendaliks al skea oprûn troch in kampspul tsjin Willem Schaap. Dy hie oars blykber safolle enersy yn dy partij stutsen dat er dêrnei wol alles ferlear. Likegoed einige Schaap net hielendal ûnderoan, want Fedde Wiersma moast mar leafst fjouwer kear in nul ynkassearje. De grutte ferrassing yn ‘e heechste groep wie miskien wol Willem Dykstra. Want al wied er tsjin de lettere kampioen net opwoechsen, hy wûn wol fan Dicky van der Meer, Willem Schaap en Folkert Groenveld. In earfol twadde plak, njonken Jelle Wiersma, wie dan ek sines.

De twadde groep hie miskien ek wol in ferrassing, en al wer wie dat in Jorwerter; it thúsfoardiel yn it damjen docht blykber wûnders. Teminsten, Harry Kaspers stuts hjir mei kop en skouders, dat wol sizze mei in fol punt foarsprong, boppe de oaren út. Dus ek boppe de Hilaarder Rinze Schukken, dy’t er op ‘e klup ornaris net de baas kin. En boppe Sietze de Jong, dy Aldegeaster dy’t ferline jier de twadde groep noch op syn namme skreau. No wie it in oare Aldegeaster dy’t hjir mei kûgelsfeart omheech gisele, en úteinliks it twadde plak besette soe. En dat wylst dy Almar Stegenga ferline jier noch yn ‘e tredde groep meidie!

Dy tredde groep waard no oars wûn troch in oar nij gesicht. Anne de Boer fan Wommels die krekt as yndertiid Julius Cesar: hy kaam, seach, en wûn alles. As iennichste fan it toernoai helle er de folle fjouwer punten. De oaren yn dizze groep kamen dêr lang net oan ta. Om it mar net te hawwen oer dy earme Imaël Snijders mei syn nul punten. Mar ja, as jo noch mar in pear wiken oan it damjen binne, dan falt der miskien ek wol net mear te ferwachtsjen.

Utslaggen en tuskenstannen:
A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Willem Hoekstra (Aldegea) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) – Willem Dykstra (Jorwert) 0-1; Jelle Wiersma (Wommels) – Willem Schaap (Jirnsum) 0,5-0,5; Folkert Groenveld (Jutryp) – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0. Twadde omloop: Dykstra – Walinga 0-1; Hoekstra – v.d. Meer 0-1; F. Wiersma – J. Wiersma
0-1; Schaap – Groenveld 0-1. Tredde omloop:Walinga – Groenveld 1-0; J. Wiersma – v.d. Meer 1-0; Dykstra – Schaap 1- 0; Hoekstra – F. Wiersma 1-0.
Fjirde omloop: Walinga 0- J. Wiersma 0,5-0,5; Groenveld – Dykstra 0-1; v.d. Meer – F. Wiersma 1-0; Schaap – Hoekstra 0-1.
Einstân (mei wjerstânspunten tusken heakjes): 1. Walinga 3,5; 2/3. Dykstra & J. Wiersma 3; 4. v.d. Meer 2 (5); 5/6. Groenveld en Hoekstra 2 (3); 7. Schaap 0,5; 8. F. Wiersma 0.

B-klasse, earste omloop: Sietze de Jong (Aldegea) – Rinze Schukken (Hilaard) 1-0; Siebren Dyk (Jorwert) – Harry Kaspers (Jorwert) 0-1; Jelte Dykstra (Jorwert) – Almar Stegenga (Aldegea) 0-1; Emke Dykstra (Jorwert) – Bonne Hylkema (Jorwert) 0-1.Twadde omloop: De Jong – Dyk 0-1; Kaspers – Schukken 1-0; Stegenga – Hylkema 1-0; J. Dykstra – E. Dykstra 1-0. Tredde omloop: Kaspers – Stegenga 1-0; Schukken – Dyk – 1-0; Hylkema – J. Dykstra 1-0; E. Dykstra – De Jong 1-0. Fjirde omloop: Hylkema – Kaspers 0,5-0,5; Stegenga – Schukken 0,5-0,5; Dyk – E. Dykstra 1-0; De Jong – J. Dykstra 0-1.
Einstân: 1. Kaspers 3,5; 2. Stegenga 2,5 (12,5); 3/4. Hylkema en Schukken 2,5 (8,5); 5/6. Dyk en J. Dykstra 2; 7. De Jong 1; 8. E. Dykstra 0.

C-klasse, earste omloop: Hindrik Terpstra (Jorwert) – Jan Nauta (Bitgummole) 0-1; Doede Ottema (Jorwert) – Meinte Wesselius (Wommels) 0-1; Jelle Anema (Jorwert) – Geart Tigchelaar (Jorwert) 1-0; Imaël Snijders – Anne de Boer (Wommels) 0-1. Twadde omloop: Tigchelaar – Snijders 1-0; Ottema – Terpstra 0-1; Nauta – Wesselius 0-1; De Boer – Anema 1-0.
Tredde omloop: Wesselius – De Boer 0-1; Nauta – Anema 1-0; Terpstra – Snijders 1-0; Tigchelaar – Ottema 0-1. Fjirde omloop: De Boer – Nauta 1-0; Wesselius – Anema 0-1; Snijders – Tigchelaar 1-0; Snijders – Ottema 0-1.
Einstân: 1. De Boer 4; 2/3/4. Anema, Nauta en Wesselius 2,5 (8); 5. Terpstra 2 (5) (út 3); Ottema 2 (5); Tigchelaar 2 (2); Snijders 0.

Over de auteur

friesdammen administrator