Mei likefolle dammers as ferline jier dochs wer in moai Stryk ta toernoai.

doorfriesdammen

Mei likefolle dammers as ferline jier dochs wer in moai Stryk ta toernoai.

It like der yn earste ynstânsje op dat it oantal dammers in stik leger wie as oars, mar in weromblik op ferline jier joech dúdlikheid: krekt likefolle dammers. Men tinkt faak: wat in lytse dielname. In wike earder sieten 40 dammers yn Jorwert, dwaande mei de miniklupkampioenskippen. Sa’n Stryk-ta wedstriid is dêr net mei te fergelykjen. Wol docht sa’n moaie folle seal werom tinken oan it momint dat it earste Stryk-ta toernoai troch in klup organisearre waard. Dêr dienen doe 72 dammers oan mei en dat wie ein tachtiger jierren yn Skearnegoutum. Dat wie wat nijs, no is it nijs der ôf, mar likegoed wie it ôfrûne freedtejûn dochs wer in moai toernoai.

It hat net folle sin om altiten efterom te sjen, mar wat brocht dat earste Stryk-ta toernoai in diskusje los. Guon fûnen dat gjin damjen, mar in geloksspultsje. Dy tiid leit fier efter ús: no binne der partijen op ynternet wêr’t by de spilers mar fiif minuten op “e klok krije Dan moatte jo hiel goed yn de teory sitte om de kop boppe wetter te hâlden.

Freedtejûn stie der op de klok 30 minuten en 10 sekonden de set derby. Dan ha jo fansels in see fan tiid.Foaral dy tsien sekonden kinne helpe om de partij te beslissen. Der is ek hast net ien dy’t op op de klok ferliest.

De fierst weikommende dammer wie nimmen minder as Auke Zijlstra út Utert. Hy is regearend kampioen Frysk, fiif tsjin fiif. Bouwe Jan Bouma fan Boazum, dy’t net by in klup oansletten is, wie op dit toernoai ek paraat. Beide neamde dammers gyngen mei eftereinfolgjend de earste en twadde priis nei hûs. De útrikking fan de oranjekoeken en steatslotten liet noch wol wat op him wachtsje, mar krekt foar de snein koenen de prizen ferparten wurde. No sieten alle spilers al foar dat se begûnen te damjen  yn de prizen: elk krige in fiifde part fen in steatslot. Deagewoan foar it oanwêzich wêzen. Dit rojale gebaar waard mooglik makke troch de twa sponsors fan de partij: Wiersma Adm. en Fisc. Dienstverlening en Dicky van der Meer mei Meer personeelsdiensten. 

It Stryk-ta toernoai like ek wol wat op in prize festifal. Ja wat hjit tsjintwurdich net in festifal dêr liket de ein ek hast fan wie. Mar hoe dan ek yn it Swettehûs wie in gesellige en sportive damjûn.

Utslaggen: Eareklasse groep 1: 1 Jelle Wiersma, Wommels en 2 Folkert Groenveld De Hommerts (It lot glimke him ta).groep 2: 1 Tsjerk Wybenga Arum en 2 Frâns Kingma Jorwert. Haadklasse A 1 Auke Zijlstra Utert 2 Sybren Dyk Jorwert. Twadde klasse: 1 Bauke Bos Sint Nyk 2 Bouwe Jan Bouma Boazum.

Over de auteur

friesdammen administrator