De Fryslân Kup soarget foar bysûndere mominten yn de damsport Frysk spul. Moandeitjûn ferwolkomme damklup de Stadige Strikers Siebe Walinga út Aldegea. Him waard lykas de oare oanwêzige dammers in sportive en in gesellige jûn tawinske. Sportyf wie it, mar úteinlik like it wat in lotterij te wurden nei seis potsjes wat de striid om de Fryslân Kup oanbelange.
Walinga, ferline jier waard er de winner fan de Kup, moast it opnimme tsjin de foarsitter fan de Strikers: Cor Kooistra. De bookmakers sille allegearre wol op Walinga stimd ha as de winner. No hy moast nei in prachtige gewoane partij fan hast trije oeren lang remize tastean. Ja en dan skriuwe de foarskriften foar dat der in beslissing falle moat troch in potsje Frysk, fiif tsjin fiif houtsjes. As dat dan ek kamp wurdt, moat der wer in potsje Frysk skood wurde. No moandeitejûn kaam dêr hast gjin ein oan. Mar leafst fiif partijtsjes Frysk wiene nedich. Yn it lêste moast de foarsitter de holle bûge en koe er Siebe sukses winskje foar de folgjende rûnte. Neffens Siebe hie syn tsjinstanner yn it tredde potsje taslaan kinnen. No dat is dus net bard. Op himsels wie it in spannende striid en dêr giet it ek om.
Utslaggen: Ype Boelens – Sjoerd Huitema 0 – 2; Sjoerd Jan Bakker – Hennie de Haan 1 – 0; Dicky van der Meer – Bauke Dykstra 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke de Boer 0 – 1; Bauke Bos – Bauke de Boer 1 – 0; Fryslân Kup: Cor Kooistra – Siebe Walinga ½ – ½.
Over de auteur