Nei trije jier wer priisdammerij yn “It Terpshûs” yn Hartwert

doorfriesdammen

Nei trije jier wer priisdammerij yn “It Terpshûs” yn Hartwert

Op 7 jannewaris wie der wer in damdei yn Hartwert. Yn 2021 en 2022 koe dizze damdei fanwegen koroana net troch gean. It wie moai waar, der koe net reedriden wurde en de ljippen binne ek noch net warber. It bestjoer hie dan ek op wat mear dammers rekkene/hope as de 15 dy’t der wol wiene: 11 leden fan de damklup út Hartwert en 4 dammers fan oare klups.

Yn de eareklasse wiene de beide toppers fan damklup Hartwert harren tsjinstanners de baas. Yn de haadklasse A hiene 2 Hartwerters beide 2 punten. Yn de earste klasse, in groep mei trije dammers, waard 45 minuten op de klok damt en waard twa kear tsjin elkoar damt om foar te kommen dat ien 3 oeren omrinne moast. De dammers dy’t der wiene hiene in moaie damdei en dêr giet it om. Sa no en dan waard der in lyts flaterke makke, mar der kamen ek moai winstsetten op de buorden.

Utslaggen: Eareklasse 1: 1. Taeke Kooistra, Hartwert 3 punten 2. Folkert Groenveld, Jutryp 2 punten. Eareklasse, groep 2: 1. Hein de Vries, Ljouwert 3 punten 2. Dicky van der Meer, Terherne 2 punten. Haadklasse A: 1. Klaas Abma, Hartwert 2 punten 2. Germ Bruinsma, Wommels 2 punten. Earste klasse: 1. Sjouke de Boer, Eksmoarre 3 punten 2. Hidde de Vries, Langezwaag 2 punten.

Over de auteur

friesdammen administrator