Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de lêste partij.

doorfriesdammen

Neiprate oer Aldegea en Blauhûs en de lêste partij.

Op twa nei wie elk fan de Strikers oanwêzich. Jeugdlid Hessel liet ferstek gean en Bauke Dykstra siet thús ticht tsjin de kachel oan, om’t er him beklomje litten hie. Foar de oanwêzigen betsjutte it de lêste partij fan it seisoen. Foardat de houtsjes ferskood waarden, stie men fansels noch efkes stil by de meunstersege op Aldegea in wike lyn en by de finale fan de Fryslân Kup yn Blauhûs, wêr’t tagelyk in toernoai Frysk ferspile waard.

It opfallendste fan dizze jûn wie, dat Paul Borghaerts, hy wie in oantal wiken net fan de partij, him sterk fielde en dêrom wol tsjin twa dammers tagelyk stride woe. Tsjin Hennie de Haan hie er sukses, mar tsjin Bauke Bos wie it oare koek. No hie er sa lang as er no by de Strikers dammet, noch mar ien kear ferlern fan Bauke. Moandeitejûn waard it nei hast trije winterskoften fierder syn twadde nederlaach. Hie Paul wat faker acte de presence jûn, dan hie er fêst in kandidaat west foar it kampioenskip yn de twadde klasse. Wy sille mar sa rekkenje: it oar jier hat er hooplik wer in kâns.

Fierders soenen der net hiele grutte ferrassingen barre. Dat Sjoerd Huitema ferlear tsjin Dicky van der Meer wie eins te tankjen oan de tiid op de klok. Van der Meer hie noch in oere en Huitema noch tsien minuten. Dan nimt de druk ta en meitsje jo flaters. Boppedat like Sjoerd wat benaud te wêzen fan syn eigen skaad. Hy seach allegearre apen en bearen, dy’t, sa bliek út it neidamjen, der net wienen.

Utslaggen: Sjoerd Huitema – Dicky van der Meer 0 – 1; Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Hester Boelens – Tineke Teigeler 0 – 1; Hennie de Haan – Paul Borghaerts 0 – 1; Bauke Bos – Paul Borghaerts 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke de Boer 1 – 0; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1.

Over de auteur

friesdammen administrator