Nestor Bauke de Boer wûn de earste thúswedstriid.

doorfriesdammen

Nestor Bauke de Boer wûn de earste thúswedstriid.

Elkenien fan dejingen dy’t it damjen Frysk spul tige genegen is, wit, dat Bauke de Boer tige fertroud is mei dit spul. It die him dan ek tige sear om mei te dielen dat er it fysyk net mear risse koe om op de klup te kommen. Hy kaam fuortendaliks ek mei in oplossing: hy stelde út om de partijen by him thús te spyljen. Foar kofje of tee mei der wat by soe er foar soargje. Syn earste thúswedstriid hat er wûn.

De klup wie it der unanym oer iens dat soks altiten barre moast. It bestjoer hie ien betingst: op de klupjûn leaver net of it soe sa útkomme moatte. By in ûneven oantal dammers bygelyks. De Stadige Strikers ha de leden wol nedich. Al in in oantal jûnen wienen der troch ferskate redenen te folle weibliuwers. Mar goed wy wienen it der dus oer iens dat wy op it fersyk fan De Boer, ús nestor, snein is er 97 jier wurden en like lang lid is as de klup âld is, posityf yn gean moasten. 

Hennie de Haan soe as earste de striid oan gean. No en in striid soe it wurde. De nestoer liet him net sa mar ferkatse, dat kin men fan tinken wol ha. Hoewol’t syn fysyk gestel minder wurdt, syn geast is noch as dy fan in jongkeardel. Ferline jier koe er alle titels fan de boeken dy’t er op ’e mulo foar it eksamen lêze moast, noch sûnder mankearen opsizze. En sa is it ek mei it damjen. Net dat it in man is mei in hiele koerfol oan teoryen. Nee dat net, mar is er earst troch de iepening hinne, dan dammet er noch ûnferstelber sterk.

No wie Hennie de Haan fansels wol op de hichte fan De Boer syn damkapasiteiten. En sy wist ek dat hy it meastal fan har wûn hie. No wie it foar De Boer ek noch in thúswedstriid. No om it mar gau te ferklappen: it wie in prachtige en spannende partij. De leden fan de klup krigen op What’s App in foto fan de einstân trochstjoerd. Doe wist elk wol dat it der spannend om ta gie. Uteinlik koe Hennie it net bolwurkje en koe De Boer syn earste puntsje op de kalender sette.

Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke de Boer 0 – 1; Hester Boelens – Jan Castelein ½ – ½; Kees Castelein – Tineke Teigeler 0 – 1; Bauke Bos – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½; Cor Kooistra – Sjoerd Huitema 1 – 0.

Over de auteur

friesdammen administrator