Nij en jong talint by WK Frysk damjen

doorfriesdammen

Nij en jong talint by WK Frysk damjen

By de start fan it tredde WK Frysk damjen yn Harns binne der fansels in soad weromkommende nammen, mar ek in soad nije. Sy hawwe harren weardich bewiisd op toernoaien yn oanrin nei it WK. Dizze spilers meitsje diel út fan in groep fan 16 dielnimmers dy’t 7 omlopen spylje sille neffens it Switsersk systeem. Nei dy 7 omlopen spilet de top 4 in finale oant der úteinlik ien oerbliuwt.

De earste omloop wie op sneon 16 augustus. De spilers waarden wolkom hjitten mei in taspraak troch wethâlder Hendrik Sijtsma, dy’t dêrnei de earste set die. Spyljend yn de prachtige havenstêd Harns fochten de dielnimmers 4 oeren lang dapper foar harren oerwinningen. En mei in soad nije gesichten binne der de kommende twa wiken noch mear nijsgjirrige partijen te ferwachtsjen.

Ien fan dy nije gesichten is de 18 – jierrige Siward Walinga, soan fan Marten Walinga, dy ‘t him kwalifisearre op ien fan de online toernoaien en it spul de ôfrûne jierren yntinsyf bestudearre hat. Hy fersloech sterke spilers as Folkert Groenveld om him te kwalifisearjen. Hy kaam yn syn partij tsjin Willem Schaap mei in licht foardiel út de iepening, mar joech dat op de 13de set wer wei. Dêirnei koe Schaap syn stelling stadichoan slope. Doe ‘t dy ien kear in daam helle hie, wie de partij rap ôfrûn.

In oare nijkommer, de Dútser Malte Schulz, dy ‘t him kwalifisearre yn in online toernoai, die ek in dappere poging, mar it joech him neat tsjin Grinslanner Fedde Kramer dy ‘t him in sterke spiler toand hat by it Fryslân Open. Fedde spile in flaterleaze partij tsjin Malte, dêr ‘t er in lyts foardiel stadich mar wis yn útboude ta winst.

Ties Slagter út Den Bosch is in spiler dy ‘t meardere kearen te gast west hat yn op it Fryslân Open yn Frjentsjer en, noch wichtiger, online. Nei in drege partij tsjin Dikky van der Meer waard der úteinlik in flater makke troch Dicky van der Meer. Ties wifke net, wat Dikky de partij koste.

De Poal Lukaz Kosobudzki docht dit jier foar it earst mei oan it Frysk damspul en kwalifisearre him by it Fryslân Iepen. Syn partij tsjin nijkommer Porter Richardson wie lykweardich oant blunders fan beide kanten úteinlik de winst oan Kosobudzki joegen.

Aleksej Domčev, dy ‘t bekend stiet om syn Nederlânske damprestaasjes, hat him de ôfrûne jierren talein op it Fryske damjen en docht al 7 jier geregeld mei oan it Fryslân Open! Spitigernôch foar him moast er it opnimme tsjin grutmaster Jelle Wiersma, dy ‘t in sterke kânshawwer is foar de titel fan dit toernoai. Nei ‘t Wiersma stadichoan in bettere posysje krigen hie, wûn Wiersma.

De partij tusken Folkert Groenveld en Hein de Vries wie wis in neilbiter, want de foarige útdager foar de wrâldtitel hie it dreech tsjin Hein de Vries. Der waard hast gjin foardiel ferlern of wûn ûnder de partij. Op in stuit joech de kompjûter winst oan foar Groenveld, mar yn it komplekse einspul wist er dy net te finen. Sa einige dizze partij yn kamp.

Regearjend wrâldkampioen Marten Walinga hoecht gjin yntroduksje en dat bewiisde er yn syn partij tsjin de Tsjechyske Petra Dušková, hoewol ‘t Dušková in tige sterke spylster is en alle kearen dat wy har sjogge better wurdt. Walinga boude in foardiel op, mar joech dat oant twa kear ta ek wer wei. Troch tiidneed slagge it Dušková lykwols net om optimaal gebrûk te meitsjen, en sa wûn Walinga dochs de partij.

Last mar wis net least de wedstriid tusken Auke Zijlstra en Teake Kooistra, beiden kwalifisearre yn de earder holden Fryslân Iepen en tige oan elkoar waaide rivalen. Nei in frustrearjende partij foar Auke pakte Teake de winst en fersloech Auke yn it middenspul.

De resultaten binne fan de earste ronde fan it wrâldkampioenskip live te folgjen op twitch op www.twitch.tv/frisiandraughts of opwww.youtube.com/@WarcabyTV. Taskôgers kinne ek in besite bringe oan it Willem Barentsz besikerssintrum oan de Nieuwe Willemshaven yn Harns.

Utslaggen earste omloop: Kosobudzki – Richardson 1 -0

Schaap – Siward Walinga 1 -0 

Kooistra – Zijlstra 1 -0 

Van der Meer – Slagter 0 -1 

Marten Walinga – Dušková 1 -0 

Domčev – Wiersma Schulz – Kramer 0 -1 

De Vries – Groenveld kamp 

pairing tweede ronde:

Marten Walinga – Kooistra

Wiersma – Kosobudzki

Kramer – Schaap

Slagter – De Vries

Groenveld – Domčev

Zijlstra – Dušková

Richardson – Van der Meer

Siward Walinga – Schulz

Fedde Kramer (l) tsjin Malte Schulz (Foto St. WFD)

Over de auteur

friesdammen administrator