Noch gjin tekening yn damstriid

doorfriesdammen

Noch gjin tekening yn damstriid

Troch Siebren Dyk

Yn it persoanlik kampioenskip Frysk damjen is der noch net ien dy’t der werklik útspringt. Alle favoriten hawwe al skawankjes oprûn, al hat him nei trije omlopen no al in trijetal oan kop set. Mar as de foarsprong op in efterfolgjend trijetal mar in heal punt is, dan kin men net oars konkludearje of de ferskillen binne wol tige lyts.

De measte belangstelling gong op ‘e boppeseal fan it Jorwerter kafee út nei it klassike duel tusken Jelle Wiersma en Taeke Kooistra. Lang like de striid oan ien kant fan it boerd útfochten te wurden, mar úteinliks hie Wiersma der foardiel fan dat syn striidmacht oan ‘e oare kant krekt even better opsteld stie. Wiersma foege him sa by de kopgroep, wylst Kooistra dêr út wei foel. In oar topduel wie dat tusken Marten Walinga en Hein de Vries. De mannen joegen inoar neat ta, oant De Vries yn it einspul dochs wol tempofoardiel like te krijen. Mar Walinga koe dat mei in kombinaasje neutralisearje. Doe’t beiden yn in stân fan twa om twa tagelyk in daam hellen, waard de frede tekene.

Pieter Hoogterp makke in moaie sprong omheech. De Gaastmarder hie Folkert Groenveld optlêst sa yn ‘e skjirre dat dy gjin kant mear út koe. Groenveld stiet no allinnich ûnderoan, want Willem Schaap skarrele der tsjin Henk Haanstra in heal puntsje by.

Yn ‘e twadde acht hat Siebe Walinga as iennichste de folle winst helle. Tsjinstanner Liuwe Westra naam wat in dryste ôfwikkeling, dy’t Walinga de gelegenheid joech om goedkeap op ‘e daam te kommen, en doe wie it dach mei de dominee. Tsjerk Wijbenga moast in heal punt oerlitte oan  Bernard Kroon, mar stiet noch wol op it twadde plak. De moaiste kombinaasje fan ‘e jûn wie foar Cor Kooistra. Mei twa hout minder joech Fedde Wiersma him fuortendaliks de hân. Kees Tijssen, de oare promovendus, helle no ek syn earste punt, al wie dat wol yn it lette einspul. De dit jier teloarstellende Dicky van der Meer is dus noch net fan ‘e nul ôf, ek al hat er noch in treastmaat yn Fedde Wiersma.

Yn ‘e tredde acht stiet Willem Hoekstra noch op ‘e folle winst, no tanksij in oerwinning op Marcel Altena. De ferrassende Klaas Wiersma is lykwols ek noch sûnder puntferlies, ek al hat er in wedstriid minder spile. Hy wie no te sterk foar Sjouke Attema. Marcel Altena bleau noch sûnder punten, no tsjin Rein Jan Walinga. Soks yn tsjinstelling ta Siebren Dyk, dy’t bliid wie dat dy skande him dit jier besparre bliuwt. Bauke Dykstra wie it slachtoffer.

Utslaggen en stannen

Kampioensklasse: Jelle Wiersma (Wommels) – Taeke Kooistra (Hartwert) 1-0, Marten Walinga (Waaksens) – Hein de Vries (Ljouwert) 0,5-0,5, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Folkert Groenveld (Jutryp) 1-0, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Willem Schaap (Jirnsum) 0,5-0,5.

Stân: De Vries, Walinga en Wiersma 2; Haanstra, Hoogterp en Kooistra 1,5; Schaap 1; Groenveld 0,5.

Twadde acht: Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Liuwe Westra (Lollum) 1-0, Tsjerk Wijbenga (Arum) – Bernard Kroon (Blauhús)0,5-0,5, Fedde Wiersma (Easterein) – Cor Kooistra (Nijlân) 0-1, Dicky van der Meer (Terherne) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1.

Stân: Walinga 3; Wijbenga 2,5; Kroon en Westra 2; Kooistra 1,5; Tijssen 1; Van der Meer en Wiersma 0.

Tredde acht: Bauke Dijkstra (Nijbeets) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1, Marcel Altena (Blauhús) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1, Hidde de Vries (Langsweagen) – Rein Jan Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Sjouke Attema (De Gastmar) 1-0.

Stân: Hoekstra 3-3; Wiersma 2-2; Walinga 3-2; Dijkstra 2-1; Attema, Dyk en De Vries 3-1; Altena 3-0.

Over de auteur

friesdammen administrator