Noch ien kear foar de kompetysje…

doorfriesdammen

Noch ien kear foar de kompetysje…

Troch Bauke Bos

Ofrûne moandei wie de lêste kompetysje-jûn en dan is it foarde kompetysjelieder noch dreech om út te finen wa noch tsjinwas spylje kin, want foar dyjingen dy’t der alle jûnen binne is it noch in hiele toer, want dy ha tsjin hast eltse dammer al twa spullen dien. Dochs slagget it ús kompetysjelieder, Willem Schaap alle jûnen wer om in tsjinstanner foar eltsenien te finen, En is der gjin tsjinstanner dan spilent men foar de aardichheid wat tsjin mekoar. Bauke Bos en Sjoerd Jan Bakker ha hast alle spilers hân en boarten foar de aardichheidwat mei it hout om. Gewoan spul, fiif tsjin fiif, earst kwyt, alle farianten kamen op it boerd. Jelle Wiersma hie mei de kompjoeter útfûn dat it “tsien-damme-spul” fan ferline wiketusken Bauke Bos en Willem Schaap yn acht setten út wêzekoe. De moderne technyk stiet foar neat. Dochs waar der eknoch foar de kompetysje spile en dizze kear spile ús foarsittertwa spullen tagelyk. Willem Schaap en Dicky van der Meer hiene it dreechste spul en dat waard remise.  

Utslaggen:TinekeTeigeler – Jelle Wiersma 0-1; Willem Schaap – Dicky van der Meer ½-½; Cor Kooistra- Jan Castelein 0-1;  Hennie de Haan – Cor Kooistra 0-1

Over de auteur

friesdammen administrator