Troch Siebren Dyk
Hartwerd – Nei de midwykske tredde omloop yn Jorwert hienemar leafst seis fan ‘e acht dielnimmers noch altyd kâns om persoanlik kampioen yn it Frysk damjen te wurden, mar nei de dûbelde omloop sneon yn Hartwert binne trije dêrfan no foargoed ôfheakke. Lykas al in bytsje yn ‘e ferwachting lei, sil it kommende sneon yn ‘e finale yn Blauhús gean tusken titelferdigener Jelle Wiersma en wrâldkampioen Marten Walinga. Mar grutte ferrassing Pieter Hoogterp sit mei mar in heal punt efterstân ta te sjen oft dy beiden it dan ek sitte litte.
Hoogterp weefde de moarns al mei Hein de Vries ôf. Wiersma en Walinga hiene op papier makliker tsjinstanners, mar ek sy moasten tsjin Willem Schaap en Folkert Groenveld oant yn it lette einspul wachtsje ear’t it punt binnen wie. Yn dat stadium slagge it Taeke Kooistra om tsjin Henk Haanstra troch te brekken. Haanstra syn foarlik houtsje drige ôfruile te wurden, mar dêrfoar hie de Aldegeaster de oerjaande hân al útstutsen.
By Kooistra, yn syn lange damkarriêre 19 kear kampioen, is de skerpte der de lêste jierren likegoed in lyts bytsje ôf. De middeis ferseach er him op syn linker kant tsjin Pieter Hoogterp, de jongste dielnimmer fan it selekte selskip, en dêrmei heakke Kooistra ek ôf yn ‘e race om it kampioenskip. Dat die Jelle Wiersma net, ek al hie dy it net maklik tsjin de brutale Folkert Groenveld, dy’t trochbruts nei in daam, dêr’t er lykwols net folle mei koe. Mei in moaie slach krige Wiersma him oan ‘e ein te pakken. En Walinga snipte Willem Schaap al earder mei in machtigen kombinaasje. De moaiste klapper fan ‘e dei wie lykwols foar Henk Haanstra. Hein de Vries tocht dat er de partij al yn ‘e knip hie, mar Haanstra makke in tûk gebrûk fan ‘e regel dat daamslach foargiet, en sa reage er oan ‘e ein mei syn lêste skiif yn ien grutte slach alle hout fan de Ljouwerter fan it boerd. Dat troch it noch oanwêzige publyk beleanne waard mei in bewûnderjend applaus.
Yn ‘e twadde acht hat Siebe Walinga no de bêste kânsen, al ferlear er syn lêste partij al tsjin good old Cor Kooistra. Dat jo de âlde krigers nea ûnderskatte moatte ûnderfûn ek Tsjerk Wijbengatsjin Kees Tijssen, ek al beset de Arumer noch wol it twadde plak. Mar Kooistra en Liuwe Westra beselskipje him dêr no al, en Bernard Kroon, dy’t sneon ôfsizze moast, soe dêr mei noch twa ynhelpartijen te gean ek maklik by komme kinne.
Yn ‘e tredde acht giet Willem Hoekstra, nettsjinsteande in ferlies tsjin Hidde de Vries, noch altyd oan kop, mar ek dêr is de sitewaasje troch noch útsteande ynhelwedstriden ûnoersichtlik. Dat Siebren Dyk, sneon troch twa winstpartijen ferrassend op it twadde plak kommen, is noch lang net wis fan promoasje.
Utslaggen en stannen:
Kampioensklasse, fjirde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Folkert Groenveld (Jutryp) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Hein de Vries (Ljouwert) 1-0, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1; fyfde omloop: Wiersma – Groenveld 1-0, Walinga – Schaap 1-0, De Vries – Haanstra 0-1, Kooistra – Hoogterp 0-1.
Stân: Wiersma en Walinga 4; Hoogterp 3,5; Haanstra en Kooistra 2,5; De Vries 2; Schaap 1; Groenveld 0,5.
Twadde acht, fjirde omloop: Kees Tijssen (Reduzum) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 0,5-0,5, Fedde Wiersma (Easterein) – Bernard Kroon (Blauhús) útsteld, Dicky van der Meer (Terherne) – Liuwe Westra (Lollum) 0-1; fyfde omloop: Walinga – Kooistra 0-1, Wijbenga – Tijssen 0-1, Kroon – Van der Meer útsteld, Westra – Wiersma 0-1.
Stân: Walinga 5-4; Kooistra, Westra en Wijbenga 5-3; Kroon 3-2; Tijssen 5-2; Wiersma 4-1; Van der Meer 4-0.
Tredde acht, fjirde omloop: Sjouke Attema (De Gastmar) – Bauke Dijkstra (Nijbeets) 0-1, Rein Jan Walinga (Aldegea SWF) – Marcel Altena (Blauhús) 0-1, Hidde de Vries (Langsweagen) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 1-0, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1; fyfde omloop: Dijkstra – Walinga útsteld, Altena – Attema 0,5-0,5, Hoekstra – Wiersma 1-0, Dyk – De Vries 1-0.
Stân: Hoekstra 5-4; Dyk 5-3; Dijkstra 3-2; Walinga en Wiersma 4-2; De Vries 5-2; Altena en Attema 5-1,5.
Over de auteur