It gong der eins wol wat om wei by de Strikers moandeitejûn. Hoewol ús topdammers net oanwêzich wienen, gong in oare topdammer binnen tsien minuten it skip yn. Fierders wie der in dammer dy’t miende dat er wol tsjin twa tagelyk damje koe. No dat hat er witten. Nuveraardige saken by de Strikers dat wie sa en net oars.
Dicky van der Meer giet dit damskoft oant no ta as in spear. Hy wint de iene pot nei de oare. En dat is moai ek al omdat Dicky in leafhawwer by útstek is fan it Fryske spul. Moandeitejûn moast er it opnimme tsjin Sjoerd Jan Bakker. Dan witte jo by foarbaat al dat dat net in maklike opjefte is. Ferline wike makke er in foutsje, mar dat soe him no wol net wer oerkomme. It soarge dan ek wol foar hiel wat opskuor yn it sealtsje doe’t er samar fan it boerd feegd waard troch Dicky. In blunder. Dat binne de Strikers net fan him wend. Nuveraardich gefaltsje! Doe ha se fuortendaliks mar harren twadde kompetysjepartij spile. Dat like derop. In hiel moai spul. Dat einige yn kamp. Al mei al pakte Dichy oardel punt der by . Hy leit op ramkoers!
Jelle of Willem spilet wol gauris tsjin twa spilers tagelyk as er in ûneven tal dammers is. Dat wie no ek it gefal, mar Jelle en Willem lieten ferstek gean. Doe sei de foarsitter: “Dan wol ik wol tsjin twa!” Nuveraardige keunsten fansels fan sa’n man. Guon tochten al dat it troch it feestje kaam dat er de middeis yn syn famyljerûnte hie. Hy damme tsjin Ype Boelens en Bauke Bos. Dus in bestjoersoangelegenheid! De ponghâlder en siktaris joegen har net sa mar oer. Nee krekt oarsom. Se spilen deeglik. De foarsitter sels gyng as earste grouwélich yn de fout. Gewoan strike sûnder te tinken. Bauke Bos pakte dreks ta. Hy krige min of te mear in daam kado en doe koe Kooistra him wol yn pakke. Hy spinpoate noch wat tsjin, mar Bos joech gjin belies en wûn.De partij tsjin ponghâlderBoelens like wol aardich goed te kommen, mar ek dat soe foar de man dy’t wol efkes tsjin twa tagelyk koe ek yn katastrôfe einigje. Twa suterige nullen koe de man dizze jûn by skriuwe.
Utslaggen: Ype Boelens – Cor Kooistra 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Bos 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Dicky van der Meer 0 – 1; Hennie de Haan – Kees Castelein 1 – 0; Jan Castelein – Bauke Dykstra 0 – 1; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½;
(Tekst: C. Kooistra)
Over de auteur