Nuvere buorden en rare spultsjes

doorfriesdammen

Nuvere buorden en rare spultsjes

Jelle Wiersma hie wat oare farianten fan damborden meinommen en dit fûnen de oanwêzige dammers fansels tige nijsgjirrich. In damboerd wêr’t men mei fjouwer dammers in spul spylje kin en hjir it Fryske spul op spylje falt noch net ta. En in Kanadeesk damboerd mei tolve rigen fan seis wite en seis brune fakjes sjogge we hjir ek net. Fansels moast hjir efkes mei boarte wurde.

Mar fansels komme we hjir net om te boartsjen mar om te damjen. En dat gyng er by inkele dammers ek nuver om wei. Heit en soan Castelein spilen tsjin mekoar en heit Jan koe al in skoft mei syn daam in pear houtsjes fan soan Kees slaan, mar dat seach er oer de holle. En it kaam Kees net goed út, dus dy sei neat fansels. Dochs holp it neat sizzen Kees net, want Jan wûn de partij.

Foarsitter Cor Kooistra spile tsjin ien fan syn âld damlearlingen Jelle Wiersma. Jelle heart ûnderwilens by de top fan it Fryske damjen. Waard er in pear wiken lyn wer Frysk kampioen by de persoanlike kampioenskippen, ôfrûne snein waard er kampioen by it wrâldkampioenskip fiif tsjin fiif, ek wol Frysk neamd. By in stân fan seis tsjin seis seach Kooistra al dat er it ferlern hie en koe Wiersma der wer in punt by skriuwe.

Willem Schaap naam twa dammers ûnder syn hoede. De iene, Tineke Teigeler hie op in stuit tretjin mooglikheden om te striken, dus kar genôch. Dat er net benaud wie, luts de skriuwer yn twifel want hy soe it koekje, wat er krige by de kofje mei ferpakking en al op ite. Lokkich kaam er hjir op tiid
achter en dit wie ek it gefal om de partij út te meitsjen. Mei in moai slachje, wêrby hy hast al syn houtsjes op offere om ta te slaan, wûn er de partij. It oare spul tsjin Bauke Bos wie net samar út. Willem hie der klauwen oan om Bauke de baas te wurden, mar luts dochs oan it langste ein nei in moaie en drege partij.

Utslaggen: Willem Schaap – Tineke Teigeler 1-0; Bauke Bos – Willem Schaap 0-1; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1-0; Jan Castelein – Kees Castelein 1-0.

Over de auteur

friesdammen administrator