Oan de ein fan de fûke fangt men de fisk.

doorfriesdammen

Oan de ein fan de fûke fangt men de fisk.


It damjen Frysk Spul is ûnder mear sa moai en yntressant, om’t faak de slach slein wurdt yn it einspul. De toppers ûnder de dammers kinne faak op de set útrekkenje hoe’t se winne kinne en wat de farianten binne. Dy fariaasjes binne der faak noch folle mear as dat men  as hurddraver sa op it earste each besjocht. De toppers kinne rekkenje oant de lêste set ta. Moandeitejûn de earste klupjûn yn it nije jier stie wer yn it teken fan de siswize: Oan de ein fan de fûke fangt men de fisk.

Om mei de partij te begjinnen wêr ‘t dizze siswize foar jilde, moat men witte dat de topper fan de klup, Jelle Wiersma, dizze wize wurden him hielendal eigen makke hat.Hy moast it opnimme tsjin good-old Sjoerd Jan Bakker yn it ferline ferskate kearen kampioen fan de klup en al 65 jier lang foar Wurdum en Skearnegoutum meidie oan de klupkampioenskippen. Dan kin men fan tinken wol ha dar der in aardich protsje ûnderfining en erfaring yn sa’n man wennet. Hy damme moai lyk op mei de topper. En it wie echt net in ôfruilspultsje. Nee Bakker doarde wol te striken en gie al gau it boerd oer, neat gjin kantsje strikerij. Dat de lêzer dy’t der in bytsje ferstân fan hat, kin wol begripe dat der in hiele moaie stân op it boerd kaam te stean. De einfaze kaam sa’n bytsje yn sicht en doe tekene it ferlies him al in bytsje ôf. Jelle hie it wer moai foarelkoar. Hy beneamde neierhân ek de farianten, moai om ta sjen. Hy keas wol de goeie fuortsetting en Bakker koe noch wat tsjin spartelje mar dat joech neat mear: oan de ein fan de fûke fangt men de fisk.

Der waard ek in partij ferdamme yn it kader fan de Fryslân Kup de twadde ronde. Dat gyng tusken Dicky van der Meer en Hein de Vries fan damklup Hartwert. Beide mannen hienen elkoar al ferskate kearen troffen op it damboerd. It begûn al mei ir NK yn Drachten en op de freonskiplike striid tsjin Hartwert sieten de mannen ek tsjin oer elkoar. Doe wûn Hein. No wie der wer in nije kâns foar Dicky om ta te slaan. No dat taslaan foel wol wat ôf. De mannen holden elkoaraardich yn lykwicht. It like dat de Vries der dochs wat sterker útkaam. Hy hie in hiel foarlik hout dat er krigen hie troch in rjochte slach nei foaren en dat like in sterke set. Mar nei in pear streken krige er yn de gaten dat dat sterke hout feroare yn in swakke skeakel. Dicky koe dêrfan moai gebrûk meitsje en sette Hein sa mar ûnder druk. Hein keas foar de bêste oplossing en de partij like op kamp út te draaien. Van der Meer hie in daam en in houtsje en De Vries in daam. Dat houtsje woe de iene der troch ha en de oare woe dat foarkomme. Soks komt krekt. Men hoecht mar ien ferkeard streekje te dwaan en men is de pisang. Hein makke dat foutsje en ferlear. Dicky is in ronde fierder en moat dan tsjin Willem Schaap.

Utslaggen:Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0; Tineke Teigeller – Bauke Bos 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 0; FK: Hein de Vries – Dicky van der Meer 0 – 1;

CK

Over de auteur

friesdammen administrator