Soms rint it sa en dan is it net oars, mar it wie wol spitich dat de ôfrûne moandeitejûn mar fjouwer spullen ferspile waarden. Mear koe ek net, want der wienen deagewoan net mear as acht dammers. Gesellich wie it wol en der waarden ek saken regele: sa is der besluten om ús Stryk-ta partij te ferskowen fan freedtejûn 15 desimber nei in wike earder en wol nei freedtejûn 8 desimber. De finânsjes hienen de kompjûterproblemen ek oerlibbe en it die bliken dat de klup der ek noch wat op foarút buorke wie. Dat wienen sa ‘n bytsje de omballingen en no fierder oer it damjen.
Sa as yn de kop al stiet: oer dizze fjouwer spullen wie wol in boek te skriuwen. Dan moatte jo fansels wol even nei alle saken sjen dy’t der nedich binne om sa ‘n partij spylje te kinnen. Jo soenen dan de spilers stik foar stik eefkes tsjin it ljocht hâlde kinne en dan it spyljen sels. Lit it ús mar hâlde by it lêste: de spile spullen. As earste komt dan wol yn oanmerking de partij tusken Jelle Wiersma en Bauke Bos, allebeide opgroeid yn Skearnegoutum en no wenje se in 25 kilometer út elkoar. Wat it damjen oanbelanget is der ek nochal wat ferskil. Jelle is de sittende kampioen Frysk spul en Bauke is entûsjaste dammer, mar kin lang net oan Jelle tippe wat de damfeardichheid betreft. Dat is net slim nee, it is moai dat se tsjin elkoar damje kinne. En hoe. Bauke hold hiel lang stân en úteinlik hienen se beide noch fiif houtsjes. En dan komt it Fryske sprekwurd om de hoeke kypjen: op ‘e ein fan de fûke fangt men de fisk. Doe die it wol bliken dat Jelle de bettere fisker wie. It moaie fan it gehiel wie: Jelle joech ek even oan hoe’t Bauke it eins dwaan moatten hie. Dan hie der ek noch wol wat muzyk foar him ynsitten.
It twadde spul dat wy even by de kop pakke is dat tusken Ype Boelens en Willem Schaap. Ype kin soms ferrassend út de hoeke komme en dammet er as in dyk en oare kearen mislearret it omt er hin raar fersjocht of sa. Willem Schaap wennet yn syn frije tiid yn de i-pad of yn syn smartfoan mei altiten in dampartij op it skerm. Hy dammet wat ôf. Prachtich fansels. Sa entûsjast. De partij gyng wol moai útein. It kaam der yn it middenspul al aardich as in bosk woartels op te stean. Doe tocht Willem in aardich ôfruiltsje te dwaan, mar hy seach in oare slach oer de kop en joech sa mar trije houtsjes fuort. Dat betsjutte in moaie opstekker foar Ype. Yn sokke gefallen moatte jo sa gau mooglik ôfruilje en as dat hieltiten mei ien om ien giet dan komme jo fansels yn is sitewaasje dat it bygelyks sân om fjouwer wurdt yn Ype syn gefal dus en dan ha jo wat mear oersicht. Al mei al wie dat makliker sein as dien. De stân joech net sa folle mooglikheden om sa ôf te ruiljen. It waard wat in penibele sitewaasje en Ype ferseach him ek noch en úteinlik einige it spul yn kamp.
Der binne noch twa partijen oer. Twa spul wêr’t yn in frou tsjin in man spile. Hennie de Haan tsjin Bauke Dykstra en Tineke Teigeler tsjin Cor Kooistra. Oer beide partijen is dus ek in protte te skriuwen, mar de stikjeskriuwer giet no koart troch de bocht troch te melden dat de beide hearen oan it langste ein lutsen.
Utslaggen: Tineke teigeler – Cor Kooistra 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap ½ – ½; Bauke Dykstra – Hennie de Haan 1 – 0; Jelle Wiersma – Bauke Bos 1 – 0.
Over de auteur