Offalrace by Frysk damjen

doorfriesdammen

Offalrace by Frysk damjen

Offalrace by Frysk damjen Der komt wat tekening yn ‘e striid om it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul. Wiene der sneon yn Hartwert by it yngean fan ‘e fjirde en fyfde omloop noch in seis dammers dy’t der fan dreame mochten om mei de heechste eare út te naaien, dan wie oan ‘e ein fan ‘e dei dat tal al tebekrûn ta de helte.

De moarns heakke as earste Folkert Groenveld ôf. Hy moast tsjin Jelle Wiersma in hout ôfstean, en dat betsjutte in ferliespartij. Opfallender wie it ferlies fan ‘e ferline jier sa ferrassend út ‘e hoeke kommen Siebe Walinga. Tsjinstanner Henk Haanstra kaam dêrmei op gelikense hichte as koprinner Taeke Kooistra, dy’t sels in kostber heal punt ferskiet tsjin Hein de Vries. Marten Walinga foege him nei in oerwinning op Dicky van der Meer by har. De ûnderste man aksele noch wol bot tsjin, en helle der sels in moaie daam út, mar dy bliek úteinliks dochs te kostber.

Mar Haanstra hie net lang wille fan ‘e weelde. De middeis gong it tsjin Taeke Kooistra earst wol moai lykop, mar yn in stân fan fjouwer tsjin fjouwer waard er twongen om in hout op te jaan, en doe wie it dien mei de Aldegeaster. Soks kaam Folkert Groenveld ek oer tsjin Marten Walinga, sadat Kooistra en Walinga no yn ‘e mande de kopposysje besette. Se wurde lykwols op mar in heal punt folge troch Jelle Wiersma, dy’t tsjin Dicky van der Meer in prachtige daamset op it boerd tsjoende. Ien fan dizze trije mannen sil kommende sneon yn ‘e finale op ‘e Gastmar wol oan langste ein lûke.

Utslaggen en stannen
Kampioensklasse, fjirde omloop: Folkert Groenveld (Jutryp) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Dicky van der Meer (Terherne) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5;
fyfde omloop: Wiersma – Van der Meer 1-0, M. Walinga – Groenveld 1-0, S. Walinga – De Vries 0,5-0,5, Kooistra – Haanstra 1-0.
Stân nei fiif wedstriden: Kooistra en M. Walinga 5-4;Wiersma 3,5; Haanstra 3; S. Walinga 3,5; Groenveld en De Vries 1,5; Van der Meer 0.

Twadde acht, fjirde omloop: Frans Kingma (Jorwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0, Bernard Kroon (Blauhús) – Pieter Hoogterp (De Gastmar) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) – Bauke Dijkstra (Nijbeets) 0-1; fyfde omloop: Wijbenga – Kroon 1-0, Hoogterp – Kingma 1-0, W. Hoekstra (Aldegea-SWF) – Westra 0-1. Stân: Tsj. Wijbenga 4-3; Dijkstra en Hoogterp 4-2,5; Westra 4-2; Kingma 3-1; Kroon 3-1; Hoekstra 2-0.

Tredde acht, fjirde omloop: Hidde de Vries (Langsweagen) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Ype Boelens (Menaam) 1-0; fyfde omloop: Schaap – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0, Boelens – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0. Stân: Schaap 4-4; De Vries 3-2; F. Wiersma & K. Wiersma 3-1,5; Boelens 4-1; Dyk 3-0.

Over de auteur

friesdammen administrator