Omloop 2 en 3 WK op in prachtige sneon

doorfriesdammen

Omloop 2 en 3 WK op in prachtige sneon

Op basis fan de resultaten fan de earste dei waarden de spilers yndield neffens it Switsersk systeem. Wedstriden Marten Walinga tsjin Teake Kooistra en Jelle Wiersma tsjin Lukasz Kosobudki ûnthjitten nijsgjirrich te wurden. De jongere spilers stiene dizze omloop ek tsjinoer inoar. Sa krigen we al in glim te sjen fan it damspul fan de takomst!

De earste partij dy’t ôfwurke waard wie Folkert Groenveld tsjin Aleksej Domčev. In koarte partij wie gau beslikke yn 9 setten, doe ‘t Folkert Groenveld mei 43 x 3 nei daam kombinearje koe. Doe’t er seach dat it net slagge om de wolf te fangen, joech Domčev it oer.

Nei syn ferlies tsjin Ties Slagter in dei earder, koe Dicky van der Meer in sterke partij spylje tsjin Porter Richardson, wêrby ‘t hy hast konstant foardiel hie. Nettsjinsteande inkelde flaters yn it einspul wie Van der Meer te sterk foar Richardson.

De partij fan Malte Schulz tsjin Siward Walinga wie foar it grutste part fan de partij lykweardich. Ien swakke set fan Walinga liet lykwols de balâns trochslaan yn it foardiel fan Schulz, dy ‘t de partij ôfmakke mei in saneamde ferkeapersoanfal.

Malte Schulz (l) tsjin Siward Walinga; op ’e eftergrûn Ties Slagter (sittend) en Fedde Kramer (Foto Stifting WFD)

Jelle Wiersma tsjin Kosobudski wie in tige komplisearre striid. It slagge Wiersma lykwols om Kosobudki yn in swakke posysje te twingen. Op in stuit wiene der gjin goede setten mear foar him, en Wiersma beslikke de partij mei in moaie kombinaasje.

Fedde Kramer tsjin Willem Schaap wie lange tiid in close match, mar nei in flater fan Kramer wie de partij ynienen foarby. De iennige partij dy ‘t kamp opsmiet wie Hein de Vries tsjin Ties Slagter, nei in lange partij mei likense kânsen barde der de hiele partij neat opmerkliks.

De partij tusken de twa grutmasters Teake Kooistra en Marten Walinga is ek sa ‘n partij dêr ‘t fan alles barre kin. Nei ‘t Kooistra stadichoan yn it foardiel kaam joech er it yn ien set allegearre wei. Walinga stinde net lang op de goede setten om, en Kooistra joech it rillegau op.

Teake Kooistra (l) tsjin Marten Walinga; op ’e eftergrûn Jelle Wiersma (Foto Stifting WFD)

Ta beslút boude Petra Duková fan it middenspul ôf aardich wat druk op Auke Zijlstra op. Zijlstra fûn lykwols hieltyd in set dy ‘t spile wurde koe en sa seach se, yn tiidneed, har foardiel stadichoan ferdwinen. By einsluten wist Zijlstra de rollen om te draaien en de partij te winnen.

Utslaggen omloop 2

Marten Walinga – Kooistra 1-0

Wiersma – Kosobudzki 1-0

Kramer – Schaap 0-1

Slagter – De Vries kamp

Groenveld – Domčev 1-0

Zijlstra – Dušková 0-1

Richardson – van der Meer 0-1

Siward Walinga – Schulz 0-1

De tredde omloop waard 30 minuten nei it skoft spile, dat dúdlik te fenrimmen wie . Hjoed wie de earste dei mei twa omlopen. Dat frege in soad enerzjy fan de spilers nei in swiere earste wedstriid.

Marten Walinga, dy ‘t in tige swiere wedstriid hie tsjin Teake Kooistra, waard yn in hoeke drukt troch Willem Schaap. Nei Schaap foardiel jûn te hawwen yn de iepening, ferlear Walinga in stik yn it middenspul. Pas hielendal oan de ein fan de partij, yn in slim yngewikkeld einspul, hie Walinga in kâns om te winnen, mar ûnder tiidsdruk ferlear er de partij.

Porter Richardson bedarre yn in wûne stelling tsjin Aleksej Domčev, mar liet syn oerwinning tsjin de ein slûpe. De wedstriid einige yn kamp. Malte Schulz siet yn dizze omloop tsjin Lukasz Kosobudzki en spile hiel goed yn de earste helte fan de wedstriid. Mar nei in flater koe Kosobudzki in moaie kombinaasje útfiere en sa de wedstriid winne.

De wedstriid tusken Teake Kooistra en Fedde Kramer wie bot yn lykwicht. Neffens Scan hie Kramer op in gegeven momint winne kinnen, mar de wei nei de oerwinning wie tige dreech te finen en de wedstriid einige yn kamp.

Siward Walinga die it bêst yn syn partij tsjin Petra Dusková, mar woe krekt wat te graach yn it einspul. Syn direkte oanfal op twa stikken fan Dusková koen et lije en de Tsjechyske wûn.

Ties Slagter hie yn Jelle Wiersma in lestige tsjinstanner. Hy makke amper flaters en wist yn it einspul in winnende stelling op te bouwen. Hy miste lykwols in krúsjaal detail en liet Wiersma mei remize ûntkomme.

Jelle Wiersma (l), Fedde Wiersma (arbiter) en Folkert Groenveld (Foto Stifting WFD)

Nei in lange partij einigen Dicky van der Meer en Folkert Groenveld ek yn kamp, omdat Van der Meer lykas Slageer in krúsjaal motyf yn it einspul miste.

Krekt it tsjinoerstelde barde yn de partij tusken Hein de Vries en Auke Zijlstra. De partij like kamp te wurden, mar De Vries wist yn de lêste mominten fan de partij de oerwinning te gripen.

Uitslagen ronde 3

Schaap – Marten Walinga 1-0

Slagter – Wiersma kamp

Van der Meer – Groenveld kamp

Kosobudski – Schulz 1-0

Kramer – Kooistra kamp

Domčev – Richardson kamp

Dušková – Siward Walinga 1-0

Hein de Vries – Auke Zijlstra 1-0

Stân nei omloop 3

Willem Schaap 3 pt.

Jelle Wiersma 2,5 pt.

Ties Slagter, Marten Walinga, Hein de Vries, Folkert Groenveld, Łukasz Kosobudzki 2 pt.

Fedde Kramer, Taeke Kooistra, Dicky van der Meer 1,5 pt.

Auke Zijlstra, Malte Schulz, Petra Dušková 1 pt.

Aleksej Domčev, Porter Richardson 0,5 pt.

Siward Walinga 0 pt.

Loting omloop 4

Jelle Wiersma – Willem Schaap

Marten Walinga – Ties Slagter

Folkert Groenveld – Łukasz Kosobudzki

Fedde Kramer – Hein de Vries

Taeke Kooistra – Dicky van der Meer

Malte schulz – Petra Dušková

Auke Zijlstra – Aleksej Domčev

Porter Richardson – Siward Walinga

Tekst troch: Stifting WFD

Over de auteur

friesdammen administrator