Net ien kin it helpe, mar it persoanlik kampioenskip is no wol hiel ûnoersichtlik wurden, alhiel by de twadde acht. Earst moast Kees Tijssen him dêr fanwegen sykte al weromlûke. Tiisdei yn Jorwert oan it begjin fan ‘e tredde omloop die bliken dat Willem Schaap om persoanlike reden ek net fierder koe. Dat betsjut dat de twadde acht yninoarskronfele is ta in twadde seis. It hat foar de oerbliuwers wol it foardiel is dat se net mear degradearje kinne, en de skea foar de beide ferliezers fan Schaap fan ôfrûne sneon, Willem Hoekstra en Bauke Dijkstra, is no ek fuortpoetst.
Yn ‘e kampioensklasse gong ek in partij net troch (wurkomstannichheden), en yn ‘e tredde acht sels twa (sykte en in al yn it foar plende krookjefekânsje). Alles meiinoar opteld sieten der tiisdeitejûn yn Jorwert gjin 24 dammers efter it boerd, mar mar 14.
Likegoed ha de thúsbliuwers hiel wat mist. Fan ‘e trije favoriten foar it kampioenskip hoegde allinne Jelle Wiersma mar yn aksje te kommen. Nei in skerpe iepening tsjin Tsjerk Wijbenga rekke de partij yn it begjin fan it middenspul wat yn rêstiger farwetter. En doe sloech Tsjerk ta. Hy joech in daam, dy’t er letter wer werompakke koe, yn ruil foar in eigen daam. Wiersma syn stân stie dêrnei sa iepen dat er fuortdaliks de fûst jaan koe. It kin tafal wêze, mar de titelferdigener liket dit jier net op syn skerpst. Sneon hied er ek al sa’n akkefysje mei Henk Haanstra. Dat rûn doe noch mei in skamper ôf, mar no bleau er mei de folle nul sitten.
Dat makke wol dat der in nije koprinder is. En dat is Siebe Walinga, nota bene in promovendus. Mei in moai útwurke slach koed er oan ‘e lofterkant trochbrekke nei daam, en doe wie it dach mei tsjinstanner Pieter Hoogterp, dy’t sa tsjin syn tredde ferlies oanrûn. Yn ‘e tredde partij yn ‘e kampioensklasse gong de striid tusken Henk Haanstra en Hein de Vries lange tiid lykop. Beiden koene yn it einspul nei daam trochbrekke, mar Haanstra moast ta syn ferdigening wol in houtsje opofferje. Dat bruts him hielendal oan ‘e ein soer op. De Vries koe in twadde daam helje, mar dat wachte Haanstra mar net mear ôf.
Nei it tebeklûken fan Willem Schaap wie de twadde klasse ek oan in nije lieder ta. Dat waard Dicky van der Meer, dy’t tsjin Willem Hoekstra hiel bekwaam it einspul nei him taluts. Liuwe Westra wie tsjin Bauke Dijkstra wat al te útbundich oan it offerjen, en dat betearde dus ek net goed. Dat smiet foar de Tynster it earste wiere wedstriidpunt op, want syn risseltaten tsjin Schaap en Tijssen kinne it ferjittersboek yn. Dêrmei is er ek fuortdaliks in man om rekken mei te hâlden, want hy is no noch sûnder puntferlies.
Yn ‘e tredde acht wie der mar ien reguliere partij. Lange tiid hie Siebren Dyk de houtsjes der yn ‘e midden raar op stean, mar doe’t dy teplak stiene, kantele it foardiel syn kant oer. Klaas Wiersma offere fanneed in skiif, mar dy weelde koe de Jorwerter net drage. Hy fergeat syn ferdigening, en doe gong it punt dus dochs noch nei Nijbeets.
Ype Boelens, dy’t sneon fanwegen de stoarm it dak op moast, is neitiid drok oan it ynheljen slein. Moandeitejûn tippele er noch troch Piet Sikma syn úttinne lofterkant hinne. Mar tiisdeitejûn hied er it tsjin Cor Kooistra aardich dreger. Al yn it begjin kaam dy twa houtsjes foar. Boelens aksele noch al wat tsjin, mar Kooistra hold de kop der goed by, en doe wie it punt sines.
Utslaggen tredde omloop
Kampioensklasse: Jelle Wiersma – Tsjerk Wijbenga 0-1; Pieter Hoogterp – Siebe Walinga 0-1; Henk Haanstra – Hein de Vries 0-1.
Stân: S. Walinga 3-2,5; T. Kooistra en M. Walinga 2-1,5; H. de Vries, J. Wiersma en Tsj. Wijbenga 3-1,5; H. Haanstra 3-1; P. Hoogterp 3-0.
Twadde acht: Willem Hoekstra – Dicky van der Meer 0-1; Bauke Dijkstra – Liuwe Westra 1-0.
Stân: D. v.d. Meer 3-2; F. Groenveld 2-1,5; B. Dykstra 1-1; L. Westra 3-1; S. Couperus 2-0,5; W. Hoekstra 1-0.
Tredde acht: Klaas Wiersma – Siebren Dyk 1-0.
Neikommen fan 1ste omloop: Ype Boelens – Piet Sikma 1-0.
Neikommen fan 2de omloop: Cor Kooistra – Ype Boelens 1-0.
Stân: M. Altena en F. Kingma 2-2; Y. Boelens, C. Kooistra, B. Kroon en K. Wiersma 2-1; S. Dyk 3-1; P. Sikma 3-0.
(Tekst: S. Dyk)
Over de auteur