Rubryk 1-10-2021

doorfriesdammen

Rubryk 1-10-2021

Mei it winnen fan it Fryslân Iepen yn 2020 krige Folkert Groenveld it rjocht wrâldkampioen Marten Walinga út te daagjen. De earste twakamp yn de histoarje wie fan it simmer. Alve partijen waarden der ferspile te Harns. Walinga hie in fleanende start mei fjouwer winstpartijen. Yn it ferfolch gie de striid mear lyk op, mar Groenveld koe de skea net mear ynhelje. Yn de earste partij hie Walinga mei wyt wrotten om goed troch de iepening te kommen. En op it each, mei twa skiven oer it boerd, de wat mindere stân. Om de oanfal troch 20-24 te kearen kaam wyt mei it ferrassende

29.35-30! 16-21 30. 46-41 en troch in pear mindere setten ferbarge swart it spul. 30. …20-24 4-9 is better 31.30×19 4-9 No wie 15-20 better 32.19-14 9×20?Fansels hie 15×13 moatten. No kin wyt troch 33.28-22 21×23 34.34-30 25×34 35.40×18 in trochbraak nei daam helje.

En ek yn de twadde partij kearden troch ien set de kânsen. De stân is nommen nei 32. ..16-21! Wylts 14-19 better is. It ferrifele wyt lykswols dy’t troch

33.39-34 (driget 31-27 etc.)14-19 34.50-44 19-23 35.34-30 25×34 36.44×22 21×23 goede kânsen hie. Mar nei33.50-44? 17-22! 34.26×28 25-30! 35.35×2 10-14 36.2×16 6×48 ferlear.

De problemen binne fan Hiele Walinga.

Nû.1 sw.7, 13, 17-19, 23, 24 wyt 27, 33, 36, 38-40, 43

Nû.2 sw.7, 12, 19, 36, 45 wyt 27, 31, 34, 42, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator