Rubryk 10-12-2021

doorfriesdammen

Rubryk 10-12-2021

Fansels is der op it stuit in protte omtinken foar de twakamp om de wrâldtitel skaken tusken Magnus Carlsen en Jan Nepomnatschisji. En yn jannewaris sille Roel Boomstra en Aleksandr Schwarzman yn in match útmeitsje wa’t him de nije wrâldkampioen hoeks damjen neame mei. Twa tinksporten mei in lange histoarje en it Frysk damjen slút oan mei de earste striid om de wrâldtitel ôfrûnesimmer. It wie op haren en snaren dat hjir ek in Rus by wie. Mar Alexander Georgiev koe it yn de barraazje fan it Fryslân Open, it kandidatentoernooi, krekt net risse. No is Georgiev in fenomenaal hoeks dammer mei tsien wrâldtitels, mar dochs is it opfallend dat hy in koarte tiid de bêsten fan it Frysk damjen mear as partij jaan kin. Lykas in Foeke Tiemensma en Jouke Algra dy’t yn koarte tiid omheech sjitten en hast Frysk kampioen waarden. Wa wit komme der de kommene tiid wer nije toppers. Kanstantsin Nord út Belarus hat him al goed sjen litten by it Fryslân Open. En lykas by it skaken en hoeks damjen komme de Sjinezen der ek by it Frysk damjen oan. 

It Frysk damjen hat in smelle top. Soks is by it skaken en gewoan damjen wol oars. Tinksporters dy’t harren wurk der fan meitsje, betsjut ek dat de djipgong grutter is. Hat it Frysk damjen dan net folle om de hakken? Perfoarst net, it is dreech, sit fol mei kombinaasjes en hat in tige djipgeand einspul. De kâns op in kampspul is mar lyts.Soks die ek bliken fan it simmer. Mar ien fan de âlve partijen tusken Marten Walinga en Folkert Groenveld waard kamp. Sa’t we sjen sille wie dat noch bysûnder ek. Groenveld sette tige min útein mei fjouwer ferliespartijen op in rige. En wûn it fiifde spul. It seisde spul nei de rêstdei hie der winne kinnen en sa de spanning wer wat werom te bringen.

Folkert Groenveld – Marten Walinga seisde partij WK, Harns, 17-8-20211.32-27 19-24 2.33-28 20-25 3.27-21 16×29 4.39×30 17-21 Mei 4. …13-19 as 14-19 wurdt de saneamde Koopmans-iepening trochsetten. Nei 4. …18-22 moat wyt oppasse foar 5.38-32? 15-20! 6.35×24 22-28 etc.  5.30-24 25×23 6.31-27 21×32 7.37×17 12×21 8.34-30 11-16 9.30-25 21-26 Beide spilers steane as in dyk. Wyt kriget no wol de kâns it hout op fjild 38 nei de kant te ruiljen. 10.43-39 7-11 11.36-31 26×37 12.38×36 11-17 13.39-34 17-21 14.34-30 21-26 15.30-24 14×34 16.44×24 13-19Better foar swart is om nei 16. …6-11, 8-12 en 13-19 oerdwers ôf te ruiljen. 17.24×13 8×19 18. 40-34 9-14 19. 41-37 

19. …15-20? om 20.42-38 (driget 37-31) 10-15 21.34-30 30×40 22.50×30  wer dydriging. It beste is 6-11       19. …3-8 20.34-30 15-20 Wer in minder goede set. Nei 20. …8-12 21.42-38 19-24! 22.25×23 12-17 komt wyt wol wer lyk mei in lykweardige stân.  21.37-32!20×40 22.50×30 driget 42-38 en 32-27

Spylber is 22. ..4-9. Swart komt no efter22. ..19-23 23.32-27 26×28 24.30-24 14×34 25.35×24 10-15 26.49-44 15×35 27.45×25 8-13 28.44-40 16-21 29.40-35 6-11 30.42-38 13-18 31.36-31 21×41 32.47×36 2-8 33.24-20 8-13 34.38-33 4-9 35. 36-31 11-17 36.46-41 1-6 37.31-26 17-22 38. 41-36 6-11 39. 35-30 9-14 40.20×9 13×4 

Nei 41.24-20 11-17 (ferpl.) 42.24-20 is it gau út. Mar wyt ferbarget de winst.41.33-28 22×33 42.48-43 33-39 43.43×34 11-17 44. 36-31fansels 30-245-10 45. 30-24 10-14 46. 34-30 14×34 47. 30×39 4-9 48. 39-34 17-21 49. 26×19 9×40 50. 25-20 40-44 51. 20-14 44-50 52. 14-10 50-22 mei kamp.

Nû.9 sw. 2, 6, 7, 9, 15, 18 wyt 16, 21, 24, 33, 36, 43, 48

Nû.10 sw. 14, 15, 18, 23, 28, 45 wyt 30, 32, 34, 40, 42, 50

En twa nijen fan Stellinga-Baron.

Nû.11 sw. 7, 11, 13, 17, 19, 20, 23, 35 wyt 27, 32, 33, 37, 38, 44, 47, 48

Nû.12 sw. 7, 14-16, 19, 20, 26, 36 wyt 27, 28, 34, 37, 38, 41, 47, 49

Oplossingen stjoere foar 24 desimber.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator