Rubryk 14-3-2025

doorfriesdammen

Rubryk 14-3-2025

By it persoanlik kampioenskip fan Fryslân wie der dit jier in primeur.  Krekt yn it jier dat de Blauhúster klup ‘De Skyfkes’ harren 50-jierrich jubileum fierden, promovearre der ien fan harren leden nei de ‘earste acht’, de Kampioensklasse. Bernard Kroon foel dizze eare as earste fan syn klup ta. Mei deeglik spul en gjin flaters meitsje kin men fier komme. En as dan de tsjinstanner al wat oer de holle sjocht wierret it mei en rûgelje de punten jin kant op. De feteraan Kees Tijssen strykt flot en dat siegde him no by de boksen yn. Kroon helle mei in wat blyn slachje in daam en wie it gau dien. We komme yn it spul nei 14. … 13-19. Tijssen wol it heakje 6-11 der út helje.

K.Tijssen – B.Kroon, 25-1-2025 Aldegea-SWF, 1-e omloop PK 2-e acht 

15.36-31? 16×36  16.46×26 15-20!  17.35×11 6×46 18.34-30? 46×6 en slagget it wyt net mear om mei lyk hout de swarte daam ôf te nimmen. Twa wike letter foel de beslissing. Yn thúshaven ‘Sie-Sa’ gie it by de slotrûnte noch lyk op tsjin bûnsfoarsitter Liuwe Westra. Mar dy sloech der yn om as mâle Jan yn de hinnen en die de winst kado: Kroon nei de earste acht! Nijsgjiriger wie it treffen de omloop derfoar tsjin Siebe Walinga. Dy’t it spul wûn en promoasje net mear misse koe. 

B.Kroon – S.Walinga, 8-2-2025 Blauhús, 6-e omloop PK 2-e acht 

1.32-27 19-24 2.31-26 20-25 3.37-31 17×37 4.41×32 14-20 5.34×14 10×19 6.35-30 25×34 7.39×10 5×14 8.40-35  11-17 9.44-39 14-20 10.49-44 9-14  9.42-37 en letter 33-29 mei de ôfruil oerdwers is goed foar wyt. 11.44-40 4-9 12.40-34 18-22 Der wurdt in spul op setten! 13.34-30 20×40 14.35×44 15-20 14.50×30 14-20? om 32-27. Dan mar 14. ..16-21 en wyt hat grut foardiel. 15.44-40 6-11! 16.26×6 Swart hellet der in kombinaasje út. 

16. …22-28 17.38×16 19-24 18.6×17 7×38 19.42×33 12-17 20.16×18 8×39 21.40×38 24-30 22.31-26 3-8 23.38-32 Kroon is der goed foar wei kommen mei lyk hout en no oanfalle op elkoars dûbele hoeke. 23. …8-12 24.32-27 20-25 25.26-21 1-6? Net strike yn de ‘minne hoeke’. Wyt hie mei 26.27-22! 12×32 27.21-16 6×26 28.36×16 2-7 (ferpl.) 29.47-42 32-38 (ferpl.) 30.48×28 en letter it offer 22-17 trochbrekke kind en wûn. 26.36-31 13-18 27.31-26 2-7 28.46-41 14-20 29.41-36 20-24 30.48-42 9-13? Wyt drige 21-17, mar kin winne mei de forcing 31.42-38 18-23? 32.27-22 en dan 21-27 as 31. …13-19 32.38-33 30-35 33.45-40 35×44 34.50×39  en swart komt oan.  31.42-37 24-29 32.47-41? 45-40 hie moatten. It linker-blok is de krêft kwyt en swart kin opbouwe oan de oare kant.  32. ..13-19 33.37-31 19-24 34.45-40? 18-22!!  

Efterstrike kin net! En ja hear 35.21×14 12-17 swart hat in frije set 36.40×20 17×46 37.20-15 46×5 38.15×35 5×45 39.26-21 7-12 40.31-26 12-18 41.21-16 18-22 42.36-31 6-11 43.16×7 45×41 en it is dien 

Twa problemen fan Ties Slagter. 

Nû.25 sw. 2, 9, 11, 17, 18, 20-22, 28 wyt 31, 34, 37, 39, 42, 44, 45, 47, 50

Nû.26. sw. 2, 4, 6-8, 10, 19, 20, 24, 30 wyt 13, 21, 22, 28, 33, 37, 38, 41, 43, 49 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld  

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator