Rubryk 15-10-2021

doorfriesdammen

Rubryk 15-10-2021

De earste partijen fan de twakamp om de wrâldtitel hienen foar Folkert Groenveld net minder wêze kind. Fjouwer kear op in rige moast der in ferlies ynkassearre wurde. Lokkich kaam der krekt foar de rêstdei in ein oan. Fansels hie dat ferlies oars kind. Mar winners telle punten en ferliezers kânsen. Marten Walinga hie yn fiifde partij de wite skiven.

1. 32-27 19-24 2. 31-26 24-29 3. 34×23 18×29 4. 33×24 20×29 5. 39×19 13×24 6. 40-34 17-21 7. 26×17 12×32 8. 38×27 11-17 9. 43-38 15-20 9.42-38 kin ek en fan swart is 6-11 bekinde téory 10. 27-22! 17×28 11. 38×18 8×28Lykas earder yn de match wurdt der in gambyt spile. Swart kriget in hout foar, mar mei in drege posysje. 12. 37-31 3-8 It hout werom jaan troch 38-33 en dan 10-15 jout in stiif spul.13. 48-43 8-12 14. 41-37 12-17 15. 31-26 16-21 16. 47-41 7-11 17. 37-31 2-7 18. 45-40 9-13 19. 50-45 34-30 is better 13-19 20. 43-39 28-33 Swart jout it hout werom en dat hie noch net hoegd, 4-9 is spylber. 21. 34×32 (39×28?) 10-15 22. 42-37 4-9 23. 39-34 9-13 24. 49-43 13-18 

Bygelyks 25.31-27 11-16 26.37-31 17×28 27.31×2 1×3 28.35-30 24×33 29.43×12 19-24 is foardiel foar wyt.25. 32-27 21×32 26. 37×8 7×9 27. 41-37 17-22 Hjir hie 1-7 moatten. Wyt komt foar nei 28.26-21 20-25 29.21×23 19×28 30.31-26 11-17 31.34-30 as 28. ..22-28 29.21-16 en lykswols nei 28. ..24-29. De spilers binne it paad no bjuster.28. 43-38 11-17 (28-22 is de set.) 29. 38-32 (34-30 hie moatten) 22×42 30. 37×48 17-22 31. 31-27 22×31 32. 26×37 9-13 33. 37-32 19-23 34. 46-41 13-19 driget 23-29 en 20-24 35. 41-37 6-11 36. 34-30 11-16 37. 30×10 15×4 38. 40-34 4-10 39. 48-42 24-29!   

44.44-40 23-28 45.32×23 29×18 is lykweardich. Walinga docht in efterstreek en rint yn in luzich slachje. 40. 34-30? 14-20 41. 30×28 23-29 42. 28×30 20×49 43. 42-38 1-6 44. 35-30 10-15 45. 36-31 15-20 46. 30×10 5×14 47. 31-27 19-23 48. 32-28 49×46 49. 28×10 46×5

De problemen foar de ledderwedstriid. Nû.1 sw.7, 13, 17-19, 23, 24 wyt 27, 33, 36, 38-40, 43 Nû.2 sw.7, 12, 19, 36, 45 wyt 27, 31, 34, 42, 49 en twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.3 sw. 4, 7, 8, 11, 14, 17, 18, 20 wyt 26, 28, 29, 35, 36, 38, 43, 44

Nû.4 sw. 3, 13, 14, 20, 21, 24, 30, 31 wyt 15, 28, 32, 39, 45, 46, 48, 50

Oplossingen stjoere foar 29 oktober.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH  Jutryp

groenveldf@hotmail.com

Over de auteur

friesdammen administrator